Springe nei ynhâld

Theo Thijssen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 mrt 2024 om 20.24 troch CommonsDelinker (oerlis | bydragen) (TheoThijssen.jpg ferfongen troch Pedagoog,schrijver_Theo_Thijssen,_circa_1920,_SFA004000563.jpg (troch CommonsDelinker om't: [[:c:COM:Duplicat)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Theo Thijssen
Theo Thijssen (mids-boppe mei snor) út namme fan de SDAP yn de Twadde Keamer

Theodorus Johannes (Do) Thijssen (Amsterdam, 16 juny 1879 - dêre, 23 desimber 1943) wie in Nederlânsk skriuwer, ûnderwizer en sosjalistysk politikus. Hy waard ferneamd om syn boek Kees de jongen.

Thijssen wie in soan fan in skuonmakker, de húshâlding hie it krap. Thijssen koe lang om let nei in swier talittingseksamen mei in ryksbeurs nei de Rijkskweekschool voor onderwijzers yn Haarlim. Yn 1897 rjochte er it tydskrift Baknieuws, Weekblad van den Nederlandschen Kweekeling op. Nei syn oplieding wie er fan 1898 oant 1921 ûnderwizer op ferskate iepenbiere skoallen yn Amsterdam-East.

Lykas de ferneamde ûnderwiisfernijer Jan Ligthart (ek yn de Jordaan grutbrocht) hie Thijssen in soad omtinken foar de learling as yndividu - doetiids wie dat nij. Tagelyk fûn er de klasse as sosjale ienheid ek wichtich. In wiere fernijer wie er sels net. Wol ûntmaskere er al te generalisearjende lesmetoaden. De iene learling en de iene klasse wie no ienris de oare net. Hy wie in fûl pleiter foar mear respekt foar de praktykennis fan de gewoane klasseûnderwizer, dy't úteinlik dé saakundige wie op it mêd fan it lesjaan oan ferskillende klassen.

Byld fan Theo Thijssen yn de Amsterdamske Jordaan, fan Hans Bayens

Yn 1905 rjochte er tegearre mei kweekskoallefreon Piet Bol it blêd De Nieuwe School op, dêr't in protte krityske en faan deadlik-statyryske artikels oer ûnderwiismetoaden, learboekjes, lêsboekjes en berneboeken skreau, mar ik het fuljeton "Barend Wels" (oer in begjinnend ûnderwizer) dat yn 1908 yn boekfoarm ferskynde. Ek skreau er al fragminten oer de jonge Kees, dy't er letter útwurkje soe ta syn ferneamdste roman "Kees de jongen". Hy betocht ek it Nederlânske wurd "zwembadpas", in flugge menier fan rinnen dy't Kees útfûn hie.

Yn 1921 waard Thijssen betelle bestjoerslid fan it Bond van Nederlandse Onderwijzers, de foarrinner fan de Algemene Onderwijsbond (AOb) fan no. Hy waard redakteur fan de bûnsblêden "De Bode" (oer arbeidsomstannichheden fan de ûnderwizers) en "School en huis" (oer it opbringen fan bern). Yn it lêste blêd wurke er eardere losse sketsen oer Kees út ta it trochrinnend fuljeton "Kees de jongen", dat yn 1923 as boek útkaam. Thijssen hat altyd sein dat Kees de Jongen optocht wie, mar it liket der dochs bot op dat er dingen út syn jonkheid yn it boek ferwurke hat. Thijssen sei dat it autobiografyske In de ochtend van het leven it ienichste wurk wie mei eigen jeugdherinneringen.

Ek syn romans "Schoolland"(1925) en "De gelukkige klas" (1926) ferskynden earst as fuljeton yn dat blêd.

Theo Thijssenskoalle yn Amsterdam

Theo Thijssen wie ek esperantist. Op ynternasjonale ûnderwizerskongressen, dy't fan de jierren tweitich ôf besocht, fernaam er hoefolle tiid der ferlern gie by it tolken en de misferstannen dy't dêrtroch ûntstiene en seach er it nut fan de ynternasjonale taal Esperanto. April 1929 die Thijssen yn De Bode ferslach fan in ynternasjonaal kongres yn it Switserske Bellinzona. Eltse foardarcht moast dêr nochris troch tolken yn teminsten twa oare talen werhelle wurde, mei alle flaters anneks.

Lykas syn heit hie Thijssen fan jongs ôf oan sosjalistyske sympatyen, al waard er earst yn 1912 lid fan de Sosjaal-Demokratyske Arbeiderspartij (SDAP), foarrinner fan de PvdA. Ut namme fan dy partij waard er fan 1933 oat 1940 lid fan de Twadde Keamer en fan 1935 oat 1941 fan de Amsterdamske gemeenteried.

Troch de besettin wurkleas wurden, skreau er yn inkelde moannen sy jeugdherinneringen (In de ochtend van het leven). As eks-fakbûnsbestjoerder waard Thijssen nei de Febrewarisstaking fan 1941 troch de Dútser oanholden; hy siet in skoft fêst yn it Hûs fan Bewarring oan de Amstelfeanskewei. Desimmber 1943 krige koar efterelkoar ferskate slimme syktes en stoar er oan de gefolgen fan in breinblieding.

De eardere Steatspriis foar berne- en jeugdliteratuer hjit sûnt 1988 de Theo Thijssenpriis. Net omdat Thijssen fral in berneboekeskriuwer wêze soe, mar wol omdat er yn syn faak sarkastyske resinsjes fan berne- en jeugdliteratuer in strange literêre (dat net morele) noarm foar dat sjênre formulearre.

Yn syn bertehûs waard yn 1995 troch de jonge Stichting Theo Thijssen it Theo Thijssen Museum iepene.

De stichting Kollektive Propaganda fan it Nederlânske Boek (CPNB) sette 2007 Thijssen syn roman "De gelukkige klas" sintraal yn har aksje Nederland Leest. Oeral yn it lân organisearren de bibleteken doe lêzingen oer Thijssen en dat boek. It Theo Thijssen Museum wijde yn 2008 in spesjale útstalling oan Thijssen en zsyn ideeën oer it ûnderwiis.

  • Barend Wels (1908)
  • Jongensdagen (1909)
  • Taal en schoolmeester (1911)
  • Sommenboek voor de volksschool (1912)
  • Cijfers (1913)
  • Cijferboek voor de volksschool (1913)
  • Kees de jongen (1923)
  • Schoolland (1925)
  • De gelukkige klas (1926)
  • Het grijze kind (1927)
  • De examenidioot of De kinderexamens van 1928 (1929)
  • Egeltje. Een bundel vrolijk proza (1929)
  • Het taaie ongerief (1932) - oerset fan Frits Faulhaber nei it Esperanto (1947)
  • De fatale gaping (1934)
  • Een bonte bundel (1935)
  • In de ochtend van het leven (1941)
  • Wat onze kinderen bedreigt (gjin datum)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Peter-Paul de Baar, Rob Grootendorst en Jan Roedoe, Het Amsterdam van Theo Thijssen. Thomas Rap, Amsterdam, 1988; fjirde, folslein fannijs besjoene druk 2006.
  • Verzamelde werken [van Theo Thijssen]; besoarge troch Peter-Paul de Baar en Rob Grootendorst. 4 dln, Amsterdam 1993-1999.
  • Rob Grootendorst, Theo Thijssen. Kwartaaltijdschrift De Engelbewaarder 4. Amsterdam, 1976.
  • Wieneke 't Hoen, Theo Thijssen, een beeld van zijn leven. (Fotobiografy.) Bas Lubberhuizen, Amsterdam, 1997.