Springe nei ynhâld

Sosjaalliberalisme

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 mrt 2016 om 08.47 troch Pierlala (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Politike ideology
Side út de rige polityk
Ideology
Anargisme
Ekologisme
Faksisme
Feminisme
Islamisme
Kommunisme
Kommunitarisme
Konservatisme
Kristendemokrasy
Liberalisme
Libertarisme
Marksisme
Nasjonalisme
Nasjonaalsosjalisme
Sosjaaldemokrasy
Sosjaalliberalisme
Sosjalisme

Sosjaalliberalisme is in politike streaming dy't minder negatyf is oer it yngripen fan de steat yn de maatskippij. Oare nammen foar sosjaalliberalisme binne progressyf liberalisme en lofts-liberalisme.

De streaming ûntstiet oan it begjin fan de 20e iuw as sosjalisten en liberalen ta in kompromis komme en punten fan de oare politike ideology oernimme.

D66 en GroenLinks binne de progressyf-liberale partijen fan Nederlân, mar ek bûten dizzze partijen binne progressief-liberalen warber. Yn oktober 2005 is DeZes oprjochte en yn augustus 2006 de Liberaal Demokratyske Partij (LibDem).

Opfettings yn it sosjaal-liberalisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It progressyf liberalisme hat in oantal skaaimerken:

  • Hoedzjen fan boargerfrijheden
  • In mingde ekonomy
  • Sosjale foarsjennings dy't yndividuele ûntjouwing mooglik meitsje
  • Tagonklik ûnderwiis en sûnenssoarch
  • Omtinken foar duorsumens en bistewolwêzen
  • Liberale opfettings oer etyske kwestjes, sa as homohoulik, eutanasy, abortus, prostitúsje en drugsbelied
  • Konstitusjonele herfoarmingen dy't demokratisearring fersterkje
  • (Yn Europa) Foarstanner fan Europeeske yntegraasje
  • Fersterking fan it ynternasjonaal rjocht (multilateralisme) en minskerjochten

Sosjaal-liberale filosofen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wichtige progressyf-liberale filosofen binne ûnder oaren Thomas Hill Green, John Stuart Mill, Isaiah Berlin, John Rawls, en Amartya Sen.