Springe nei ynhâld

Samyske talen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 mrt 2019 om 21.48 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Samysk
algemien
oare namme(n) Sámegielat, Sámigiella
lânseigen yn Laplân (parten fan Noarwegen, Sweden, Finlân en Ruslân)
tal sprekkers 23.000
skrift Latynsk, Sirillysk
taalbesibskip
taalfamylje Oeralysk
  ● Finsk-Oegrysk
    ● Samysk
taalstatus
offisjele status Flagge fan Noarwegen Noarwegen
Flagge fan Sweden Sweden
Flagge fan Finlân Finlân
taalkoades
ISO 639-2 smi

De Samyske talen foarmje in groep taalfariëteiten dy't ta de Finsk-Oegryske taalfamylje rekkene wurdt. De Samyske talen wurde troch de Samen (Sápmi) brûkt yn de noardlikste parten fan Noarwegen, Sweden en Finlân, en op it Kola-skiereilân yn Ruslân. De meast foarkommende talen binne hjoeddedei it Noardsamysk, it Lulesamysk en it Súdsamysk.

It tal sprekkers wurdt rûze op sa'n 23.000, dêrfan 12.000 yn Noarwegen, 7.000 yn Sweden, 3.000 yn Finlân en 1.000 yn Ruslân.

Yn de njoggentiger jierren naam it parlemint fan Noarwegen in wet oan dy't it Samysk it steat fan offisjele taal joech yn njoggen noardlike gemeenten.

Op 1 april 2000 waard it Samysk ien fan de fiif erkende minderheidstalen yn Sweden. Yn ferskate gemeenten kin it brûkt wurde by oerheidsynstânsjes. De universiteiten fan Umeå en Uppsala biede opliedings yn it Noardsamysk oan, en de universiteit fan Umeå biedt teffens it Ume- en it Súdsamysk oan.

Yn Finlân hawwe de Samen sûnt 1991 it rjocht om it Samysk te brûken yn de kommunikaasje mei alle oerheidsynstânsjes. Trije Samyske talen binne erkend: Noard-, Skolt- en Inari-Samysk. De Samyske taalwet fan 2003 makke fan it Samysk in offisjele taal yn fjouwer Finske gemeenten.

Yn Ruslân hat it Samysk net it steat fan offisjele taal. Sûnt 2012 kin men de taal lykwols al oan de universiteit fan Moermansk studearje.