Springe nei ynhâld

Rottige Meente

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 aug 2019 om 21.54 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Rottige Meente

De Rottige Meente (ek Rottige Meenthe) is in natuerreservaat, op de grins fan Fryslân en Oerisel. It is yn de 19e iuw en 20e iuw ûntstien troch turfwinning. De namme betsjut wierskynlik "minne mienskiplike greide". It gebiet is ûnderdiel fan de ekologyske haadstruktuer en is Habitatrjochtlinegebiet. It is yn besit fan Steatsboskbehear.

Mei de Rottige Meente waard eartiids in folle lytser gebiet besuden Nijetrine oantsjutten. It wie gerslân fan minne kwaliteit. Om 1900 hinne begûn hjir de ûntginning, dy't oan de fyftiger jierren fuortset waard. Troch it weigraven fan it fean kaam it gebiet leger te lizzen, wêrtroch it oerbleaune leechfean drige te ferdrûgjen.

Om de Grutte Fjoerflinter en de Jeropeeske otter te beskermjen waarden yn juny 1955 in pear persielen oankocht. Letter binne noch ferskate dielen folge, ek yn it ramt fan in ruilverkaveling. By it fyftichjierrich bestean yn 2005 hie it reservaat in totale oerflakte fan ûngefear 1000 ha. Petgaten en stripen bringe de turfwinning yn it ûnthâld. It gebiet bestiet fierders út lytse stikjes greide, trilfeanen en feanmoasreidlannen. De seldsume Grienknolorchis is der te finen.

It gebiet leit tusken de rivierkes De Tsjonger en Linde en wurdt trochsnien troch De Scheene. It wurdt yn it westen begrinze troch de doarpen Munnikebuorren, Skerpenseel en Spangea. Midden yn it gebiet leit Nijetrine. Yn de jierren fyftich waard dwers troch de Rottige Meente in wei oanlein, fan Wolvegea nei Kuunder en de Noardeastpolder; de hjoeddeiske N 351 (Pieter Stuyvesantwei).

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken