Springe nei ynhâld

Raanpunt

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 okt 2016 om 18.53 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

It raanpunt fan in fêste stof is de temperatuer dêr’t de faze fan de stof by oergiet fan in fêste nei in floeibere stof. As it de oare kant op giet, dat in stof fan floeiber yn fêst feroaret, wurdt sprutsen fan it friespunt. Oars as de namme tinken docht hawwe de measte stoffen in beskate romte fan inkele graden of minder wêryn't de stof oergiet fan fêst nei floeiber. Op it raanpunt binne de fêste en floeibere foarmen fan de stof yn lykwicht.

By de measte stoffen binne it raanpunt en it friespunt itselde, bygelyks by it elemint kwik is dat -38,83°C. Mar by guon oare stoffen is dat net it gefal, dat is bygelyks by de stof Agar sa, dat raant by 85°C en befriest tusken 32°C en 40°C, dat ferskynsel stiet bekend as histereze.

Oars as it kôkpunt, is it raanpunt relatyf ûnôfhinklik fan de druk. Grafyt is it materiaal mei it heechste bekende raanpunt by atmosfearyske druk, 3948 Kelvin (of 3550 °C).

It raanpunt wurdt faak brûkt om de suverens fan in stof te bepalen en om organyske stoffen oan te tsjutten. It raanpunt fan in suvere stof is gewoanlik heger as it raanpunt fan dy stof yn in ûnsuvere foarm. As twa gemyske stoffen ferminge wurde, sil it raanpunt fan it mingsel leger wêze as it raanpunt fan ien fan de komponinten dêr't it mingsel út bestiet.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]