Springe nei ynhâld

Prins fan Oranje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 okt 2014 om 04.07 troch EmausBot (oerlis | bydragen) (Bot: Migrating 2 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q549449)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Prins fan Oranje is in erflike titel, dy't sawol troch it keningshûs fan Oranje-Nassau as troch it hûs Hohenzollern droegen wurdt. Oarspronklik wie de titel ferbûn oan it selsstannige prinsdom Oranje (Orange) yn it suden fan Frankryk.

De titel kaam ynearsten allinnich de manlike neisieten fan Willem fan Oranje ta. Doe't de Fryske steedhâlder Johan Willem Friso op 14 july 1711 by Moerdijk ferdronk, ûntstie der in skeel oer de erfnis. Sawol prins Willem IV as kening Frederik fan Pruisen makken oanspraak op de titel. Dat konflikt waard yn 1732 oplost mei it Traktaat fan Partage. De kening fan Pruisen hie al yn 1713 ôfstân dien fan syn rjochten op it prinsdom Orange yn Frankryk. No dienen ek de Nassau's ôfstân. Lykwols holden beide aadlike huzen it rjocht op de titel Prins fan Oranje. Oant de wetswiziging fan 1983 mochten allinne manlju de titel Prins fan Oranje drage.

Fan Oant Namme Opmerking
1815 1840 Willem de lettere Willem II; soan fan Willem I
1840 1849 Willem de lettere Willem III; soan fan Willem II
1849 1879 [Willem stoar als kroanprins; soan fan Willem III
1879 1884 Alexander stoar als kroanprins; soan fan Willem III
1884 1980 gjin titel oant 1983 foarbehâlden oan de mannilike neiteam
1980 2013 Willem-Alexander Soan fan Beatrix
2013 Catharina-Amalia dochter fan Willem-Alexander, earste Prinsesse fan Oranje