Springe nei ynhâld

Polyneezje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 jan 2016 om 18.04 troch Drewes (oerlis | bydragen) (→‎Eilannen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Polynesyske trijehoek

Polyneezje (soad eilannen) is ien fan de trije grutte eilânnekloften yn de Grutte Oseaan dy't mei inoar Oseaanje foarmje. Rûchwei foarmet it in trijehoek mei Nij-Seelân, Hawaï en Peaske-eilân as hoekpunten. It totale lân oerflakte is om-ende-by 294.000 km² op in oerflaktewetter fan mear as 50 miljoen km². Yn totaal binne der mear as 1000 eilannen dy't by Polyneezje hearre.

De folgjende eilannen en eilânkeatens lizze yn Polyneezje:

De oarspronklike befolking fan dizze eilannen sprekke (of sprutsen) nau oan inoar besibbe talen, dy't ta de Maleis-Polynesyske of Austronesyske talenkloft hearre.

Kontakten mei Amearika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al lang foardat Kolumbus Amearika ûntdekke, bestiene der al kontakten tusken de Polyneezjers en de Amearika's.