Springe nei ynhâld

Planeet

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 mrt 2022 om 23.25 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) ([[]] oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
1 Merkuerius
2 Fenus
3 Ierde
4 Mars
5 Jupiter
6 Saturnus
7 Uranus
8 Neptunus

In planeet, fan it Aldgryksk ἀστήρ πλανήτης, astēr planētēs ("swalkjende stjer") is in himellichem dat yn in fêste baan om in stjer hinne draait.

Neffens de kriteariums fan de Ynternasjonale Astronomyske Uny is in planeet in himellichem dat in gong om in stjer hat mei in frije baan, en dat safolle swiertekrêft hat dat it dêrtroch rûn wurden is. It wurd komt fan it Latynske "planeta" dat wer kaam fan it Aldgrykske wurd foar "swalker".

De 8 planeten yn ús sinnestelsel binne it Merkuerius, Fenus, de Ierde, Mars, Jupiter, Saturnus, Uranus en Neptunus. Earder waard ek Pluto as in planeet beskôge, mar dy falt no ûnder de definysje fan dwerchplaneet, om't er net in frije baan hat mar krekt part is fan de Kuipergurl.

Fan guon oare stjerren kin waarnaam wurde dat dy ek planeten hawwe. Teleskopen binne net sa gefoelich dat dy by steat binne om in foarm sjen te litten, mar út ljochtôfwikings fan de stjerren binne de planeten ôf te lieden.


Dit artikel is in stobbe oer astronomy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]