Springe nei ynhâld

Parlemintêre republyk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 feb 2024 om 17.22 troch K6ka (oerlis | bydragen) (Undid edits by 2A02:3037:609:B7DB:A484:E8A5:8B96:9057 (talk) to last version by Renamed user 23o2iqy4ewqoiudh)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Wrâldkaart mei ferskate regearingsfoarmen. De parlemintêre republiken binne oranje.

In parlementêre republyk is in republyk neffens in demokratysk systeem, dêr't it parlemint ûnder lieding fan in presidint en syn ministers it heechste bestjoerlike foech hat.

Krektlyk as by in konstitusjonele monargy binne by in parlemintêre republyk de ministers ferantwurdlik skuldich oan de folksfertsjintwurdiging. Dat is oars as yn in presidinsjele republyk, dêr't de ministers har foar de presidint ferantwurdzje moatte.

Yn in parlemintêre republyk hat it haad fan de steat (presidint) benammen in seremoniële funksje. Dat is oars as yn in semy-presidinsjeel systeem, dêr't it haad fan de steat de effektive macht yn hannen hat.

In grut part fan de parlemintêre republiken binne benammen yn Europa en Azië werom te finen.