Springe nei ynhâld

Onkology

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 apr 2019 om 21.30 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Onkology (fan it Grykske wurd όγκος „Opswolle“ en λόγος „Lear“) is dat part fan de genêskunde dy't him dwaande hâldt mei ûndersyk en behanneling fan kanker.

In dokter dy't him spesialisearre hat yn de onkology wurdt in onkolooch neamd. It mêd dêr't er him mei dwaande hâldt is:

  • Diagnostyk fan kanker en problematyk dy't dêrmei gear hinget;
  • it folgjen (follow-up) fan kankerpasjinten nei de behanneling;
  • it jaan fan palliative soarch oan pasjinten;
  • Etyske fragen beantwurdzje dy't te krijen hawwe mei kankerbehanneling en soarch;
  • Undersiik fan besibben fan pasjinten (fan guon soarten kanker wurdt útgien dat dizze feroarsake wurdt troch in erflike oandwaning, bygelyks boarstkanker).

De onkolooch makket diel út fan in multydissiplinêr team dat bestiet út allegearre spesjalisten dy't mei inoar soargje foar adekwate en optimale diagnostyk, behanneling en soarch, en follow-up fan onkologyske pasjinten. Ofhinklik fan de type kanker kin dat wêze: patology, radiology, nukleêre genêskunde, sjirurgy, gynekology, KNO, radioterapy.

Der binne twa spesjalistyske kankersintrums yn Nederlân, de Daniël den Hoed klinyk (part fan it Erasmus MC) yn Rotterdam en it Antoni van Leeuwenhoek Sikehûs yn Amsterdam. It Nederlânsk Kanker Ynstitút en de Frije Universiteit Amsterdam hawwe tegearre de Undersykskoalle Onkology Amsterdam opset foar postdoktoraal ûnderwiis en - ûndersyk.