Springe nei ynhâld

Oerokse

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 mai 2020 om 23.49 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Oerokse
Ferspriedingsgebiet fan de trije subgroepen fan de oerokse, nei Cis Van Vuure syn Retracing the Aurochs: History, Morphology & Ecology of an Extinct Wild Ox

De oerokse is in Europeeske wylde ko dy't yn de 17e iuw útstoarn is. De lêste gebieten dêr't er foarkaam wiene Poalen, Litouwen, Wyt-Ruslân, de Oekraïne, Roemeenje en Moldaavje. De lêst bekende oerokse gie dea yn it Jaktorów-wâld yn Poalen, yn 1627.

Yn Nederlân libbe it kobist nei alle gedachten noch foar 500. Neist yn it wyld libjende oeroksen kamen ek domestisearre foar, út krusing mei de koarthoarnko. Ek yn Fryslân binne skeletresten fûn yn terpen, ûnder oare yn Britsum en Ferwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: