Springe nei ynhâld

Needstâl

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jun 2020 om 03.28 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Hynder yn in izeren travalje

In needstâl, njidstâl of travalje is in houten as metalen konstruksje wêryn't in hynder fêstsetten wurde koe om bekapt en beslein te wurden troch de hoefsmid. It hynder waard fêstsetten yn dizze konstruksje, mei oan de foar-, syd- en efterkant houten balken. Ienkear fêstsetten yn de travalje koe it hynder suver gjin kant mear út. Mei izeren keatlings (soms waarden touwen brûkt) koenen de stâljonges de hoeven makliker optille. De keatlingen of touwen gienen ien kear om de poat hinne en waarden dan op de houten balk tild om dan it keatling nochris om de skonk en de houten balke te draaien. De hoefsmid koe sa de hoef bekappe en/of beslaan sûnder it risiko te rinnen om in traap te krijen of it folle gewicht fan it hynder op him te krijen.

Travalje yn Meeswyk, België

It wurd ‘travalje’ is in ferbastering fan ‘travaille’ fan it Frânske tiidwurd travailler = 'arbeidzje, wurkje': yn feite dus in wurkplak(je). De travalje stamt fan healwei de 18e iuw en is nei alle gedachten Frânsk fan oarsprong. De Frânske legers nommen in mobile travalje op in karre mei; sadwaande koene de hynders ûnderweis troch in hoefsmid byhâlden wurde. Foar de komst fan de travalje waarden de hynders yn Nederlân foar it beslaan gewoan oan de muorre fan de pleats fêstsetten.

Travaljes wiene benammen yn grutte dielen fan Seelân en in part fan Súd-Hollân en yn Belgje te finen. Se waarden faak yn de buert fan in hoefsmid setten, meastal yn de lingterjochting fan de gevel, en hienen in sintrale funksje yn de buorren. In inkeling hie ien binnendoar, mar de measte travaljes stienen bûten, guon oerkape.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: