Nederlânske Grifformearde Tsjerken
Nederlânske Grifformearde Tsjerken | ||
Lokaasje & bestjoer | ||
lân | Nederlân Súd-Afrika | |
haadsit | Swol | |
haadstreaming | Protestantisme | |
rjochting | Kalvinisme | |
Sifers | ||
ledetal | 146.568 (2023)[1] | |
Oars | ||
hiemside | ngk.nl |
De Nederlânske Grifformearde Tsjerken is in tsjerkegenoatskip dat op 1 maaie 2023 ûntstie troch in fúzje fan 'e Grifformearden Tsjerken (frijmakke) en de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken.
Skiednis
Yn it begjin fan 'e 20e iuw ûnstiene yn 'e Grifformearde Tsjerken yn Nederlân skeel oer de Bûnsleare fan Abraham Kuyper. Dat ferskil fan miening waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch sa slim, dat de synoade yn it foardiel fan Kuyper's miening oardielde. Dy luts nammentlik de opname fan 'e bern yn it Ferbûn yn twifel. In soad teologen en dûmny's wiene it net iens mei dat oardiel en fûnen it yn striid mei de Bibel. Hja besochten yn berop te gean tsjin it oardiel,[2] mar de synoade bleau by it stânpunt en easke dat de krekt ôfstudearre teologen ek it Kuyperiaanske stânpunt ûnderskreaune. Tsjinstanners fan 'e synoade ornearren dat de synoade misbrûk makke fan har autoriteit en langer oanbleau as de tsjerkeoarder tastie.
Yn 1944 waarden in soad dûmny's en teologen, dy't harren kearden tsjin de ideeën fan Kuypers, út it amt set. Dat late ta in skuorring yn it tsjerkegenoatskip. In grut tal gemeenten ferlieten de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en giene oer nei de stifting fan it nije tsjerkegenoatskip Grifformearde Tsjerken (frijmakke) ûnder lieding fan prof. Klaas Schilder. Dat sloech djippe wûnen yn 'e grifformearde mienskippen.
Yn 1967 ûntstie der ek in skeel yn 'e frijmakke Grifformearde Tsjerken. Dat gie oer de fraach as de Grifformeard-frijmakke tsjerke de wiere kristlike tsjerke fan Nederlân wie. In soad leden wiene it dêr net mei iens en dy stapten op en stiften de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken.
It feroare lykwols yn 'e rin fan 'e tiid ek yn 'e Frijmakke tsjerke en dêr waarden op it lêst ek oare kristlike tsjerken erkend. Dat brocht de twa fan inoar skieden tsjerkegenoatskippen wer by inoar en yn 2021 waard besletten ta in fúzje, dy 't op 1 maart 2023 syn beslach krije soe.[3][4][5] De datum waard yn 2022 lykwols ferskood nei 1 maaie 2023.[6]
Nei de fúzje waard ek praat oer de takomst fan it tsjerkeferbân. De Nederlânske Grifformearde tsjerkehistoarikus George Harinck sei dat er der fanút gie dat de oansletten gemeenten op in min ofte mear natuerlike wize nei de Protestantske Tsjerke yn Nederlân ta groeie sille.[7] Ek Ad de Boer, in foaroansteand tsjerkebestjoerder, stiet posityf foar mear kontakt mei de PKN.[8]
Oekumene
Sûnt de jierren 1990 binne de Grifformearde Tsjerken (frijmakke) gearwurkingen oangien mei de Kristlike Grifformearde Tsjerken en mei de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken. Op guon plakken late dat ta de fúzje fan lokale gemeenten, lykas yn Inkhuzen, Frjentsjer, Harns, Nijmegen, Snits, Surhústerfean, Feandam, Woerden, Doesburg en Stedskanaal. Ek ûntstiene der gemeenten wêryn de Grifformeard-frijmakke tsjerke fusearre ta ien gemeente, lykas yn Dimter, Hengelo en Lisse. Nei de fúzje fan 1 maaie 2023 binne de fusearre tsjerken net mear fan inoar te ûnderskieden, mar de yntertsjerklike gearwurking mei de Kristlike Grifformearde Tsjerken is bleaun.
Argiven en dokumintaasje
It Argyf- en Dokumintaasjesintrum fan 'e Nederlânske Grifformearde Tsjerken yn Kampen is de argyftsjinst foar it tsjerkegenoatskip en de rjochtsfoarongers.[9]