Springe nei ynhâld

Middelfrankysk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 nov 2023 om 02.52 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (→‎Underferdieling: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Middelfrankysk
algemien
lânseigen yn Dútslân, Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, Roemeenje
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Heechdútsk - Middeldútsk - Westmiddeldútsk - Middelfrankysk
dialekten Ripuarysk, Mûzelfrankysk, Sânboarger Saksysk
taalstatus
offisjele status gjint
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 n.f.t.
ISO 639-3 n.f.t.
It Middelfrankyske taalgebiet yn West-Jeropa (giel)

It Middelfrankysk is in taalkundige beneaming foar in kloft Frankyske taalfarianten, dy foar it grutste part yn it Dútske Mid-Rynlân en foar in lyts part yn Transsylvaanje sprutsen wurde.

Rynlânsk is in algemien en ynformeel begryp foar de ferskate ûnderskate dialekten yn it Rynlân.

Mank mei it Rynfrankysk foarmet it Middelfrankysk in ûndergroep fan it Westmiddeldútsk. Ta tsjinstelling fan de dialekten fan it noardlikere krite fan de Nederryn, dy't ta it Nederfrankysk rekkene wurde, wurde de Middelfrankyske dialkten ta it Middeldútsk rekkene. Mank mei oare Middeldútske dialekten en de oergongsdialekten nei it Opperdútsk (Súdrynfrankysk, Mainfrankysk en Eastfrankysk) en mei de groep fan de Opperdútske dialekten wurde al dy taalfoarmen ta it Heechdútsk rekkene.[1]

It nooardlik en Midrynlânsk gebiet wurdt sjoen as in grut oergongsgebiet tusken de Nederfrankyske en Heechdútske dialekten.

De wictichste skaaimerken fan alle Middelfrankyske taalfarianten is ûnder oaren dat se yn beheinde mjitte meidien hiene oan de Twadde Heechdútske lûdferskowing, mar dêr net sa fier trochgien binne as it Rynfrankysk en it Opperdútsk.

De saneamde Benrather liny (maken/machen-liny), dy't fan Eupen oer Düsseldorf rint, wurdt oanholden as de skiedsline tusken it Neder- en Middelfrankysk. De Sankt Goarer liny (dat/das-liny) is de skiedsline tusken de Middel- en Rynfrankyske dialekten. Dy isoglosse rint oer Simmern (Hunsrück) en giet by Sankt Goar de Ryn oer nei Limburch oan de Lahn en Dillenburch.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Middelfrankysk wurdt yn trije haadgroepen ûnderferparte:

Fan it Ripuarysk wurde guon dialkten yn it uterste súdeasten fan de Nederlânske provinsje Limboarch sprutsen, lykas yn Kerkrade en Faals.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oudnederfrankische varia Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde. side 184 Jiergong 87(1971)