Springe nei ynhâld

Maimonides

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 feb 2022 om 04.26 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Maimonides
Maimonides syn hûs yn Fez

Maimonides, ek ferneamd as de Rambam, (Hebriuwsk: Rabbi Mosjé ben Maimon; Arabysk: Moesa ibn Maimon) (Kordoba (Spanje), 30 maart 1135Fostat (Kairo), 13 desimber 1204) wie in rabbyn, gelearde, filosoof en dokter. Hy wurdt beskôge as de meast wichtige rabbyn út it post-Talmoedysk joadendom. Oant de dei fan hjoed hat syn filosofysk wurk grutte ynfloed op it joadske tinken, mar ek bûten de joadske wrâld.

Maimonides is yn syn libben in tal kearen ferhuze. Yn 1148 ferliet syn famylje fanwege ferfolging Córdoba en Spanje, nei de ynvaazje troch de Almohaden (dy't oantrunen ta ferfolging fan dhimmi's en benammen fan de joaden) en setten har nei wenjen yn de stêd Fez, yn Marokko. Yn Fez libbe de famylje ûnder it mom fan moslims. Maimonides lei him dêr ta op joadsk-religieuze stúdzje en wek wittenskippen. Mei letter jierren festige Maimonides him yn Egypte dêr't er asyl fan de Fatamiden krige en dêr't er as rabbyn fungearre. Nei de dea fan syn broer David besleat er om dokter te wurden, omdat er syn brea net fertsjinje woe mei de Tora. Lang om let waard er de liifdokter fan Salah al-Din Yusuf bin Ayub (Salah ad-Din), de doetiidske hearsker oer Egypte. Jierrenlang wie er tagelyk liifdokter fan Saladin en opperrabbyn fan Kairo. Hy stoar wierskynlik yn Fostat en is beïerdige yn Tiberias .

De 13 leauwensprinsipes fan Maimonides

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It joadendom hat in oantal leauwensbegjinsels, mar der is gjin bynende kategismus formulearre. Der is gjin formeel dogma of in rige fan religieuze geloofspunten. Der is wol besocht om ta in definysje fan it joadske leauwe te kommen, mar dy waard nea troch elts oanfurdige. De 13 geloofsartikelen fan Maimonides hawwe it measte gesach. It binne:

  • God bestiet
  • God is ien (dat gjin Hillige Trijefâldichheid, sa't it kristendom hat)
  • God is net fysyk
  • God is ivich
  • God is iennich
  • De wurden fan de Joadske profeten binne wier
  • Mozes is de foarnaamste profeet
  • De Tora is de primêre tekst fan it joadendom
  • Der sil nea in nije Tora komme
  • God wit alles
  • God beleanet dejinge dy't de geboaden neikomme en straft harren dy't se oertrêdzje
  • De Messias sil komme
  • Ea sille de deaden opstean

Maimonides syn meast wichtich wurk op it mêd fan it joadendom binne:

Medyske wurken (allegear yn it Arabysk):

  • In wurk oer astma
  • In samling medyske aforismen (bekend ûnder de Hebriuwske namme Pirkei Moshe)
  • Ferkate oaren

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tombe fan Maimonides yn Tiberias