Springe nei ynhâld

Lippenhuzen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 jul 2023 om 18.13 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Iepenbier ferfier ferwidere, sjoch Oerlis:Spangea)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lippenhuzen
Wettertoer
Wettertoer
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal 1.320 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 16,15 km², wêrfan:
- lân: 16,06
- wetter: 0,93 km²
Befolkingsticht. 83 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 1' N 6° 5' E
Lokaasje Lippenhuzen (grien) yn 'e gemeente Opsterlân
Lokaasje Lippenhuzen (grien) yn 'e gemeente Opsterlân
Offisjele webside
www.lippenhuizeneen.nl
Kaart
Lippenhuzen (Fryslân)
Lippenhuzen

Lippenhuzen is in doarp noardeast fan Gordyk yn de gemeente Opsterlân. Under Lippenhuzen falle ek de buorskippen Hoannebuorren, Foksebuorren en it grutste part fan Welgelegen. Yn it noardlike diel fan it doarpsgebiet leit de Liphústerheide.

Lippenhuzen hat 1.320 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Yn 1315 waard it plak as Luppingahusum foar it earst neamd. Dêrnei folgen fariaasjes lykas Leppingahwyssen (1512), Leppenhuysen (1543), Lepehusen (1622), Lippenhuyse. (kaart út 1700). Hiele oare oantsjuttings ferskine sûnt 1505: Kobunderhuysum, Coebunderhuysen (op 16e-iuwske kaarten), Kabunderhuizen (kaart út 1700) en in inkelde kear Cobunderhuizen (19e iuw).

It earste diel fan Lippenhuzen stamt fan de famyljenamme Luppinga. Neffens K.F. Gildemacher yn 'Friese Plaatsnamen' wie dy famyljenamme oan it begjin fan de 16e iuw mooglik yn it ferjit rekke en waard de namme doe mei de ljip assosjearre. In âlde Nederlânsktalige namme foar de ljip is kobunder en sa soe dan Kobunderhuysum ûntstien wêze kinne.[3]

De fynst fan dowestien fan de earste tsjerke fan Lippenhuzen rjochtfeardiget de oanname dat it doarp oarspronklik oardel kilometer noardliker fan it hjoeddeiske doarp lei. Dy tsjerke bestie yn alle gefallen al yn 1315, doe 't Lippenhuzen mei oare plakken út de omkriten neamd waard as besit fan it kleaster fan de Dútske Oarder yn Nes by Akkrum. Mooglik moast it doarp yn it earste fearn fan de 15e iuw ferhûzje nei in geunstiger plak, want doe wiene der plannen om in nije tsjerke te bouwen.[4]

Lippenhuzen wie eartiids in relatyf grut doarp. It hie oansjen, it wie grutter as De Gordyk en it hie in eigen rjochtskeamer. Oant 1800 waard troch de grytman en syn bysitters yn Lippenhuzen rjochtsprutsen. Beetstersweach die dat foar it noardlike diel fan it Alddjip, wylst Lippenhuzen de rest fan Opsterlân foar syn rekken naam. Yn 'e Frânske tiid waard Opsterlân yn fjouwer mairies ferdield, wêrfan Lippenhuzen der ien wie.[5]

Alde tsjerke (1724)

De foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke wie in tsjerke sûnder toer en hie in klokkestoel mei twa klokken. It oarspronklik oan Sint-Piter wijde goatyske tsjerkje waard yn 1743 ferfongen troch in nije tsjerke yn 'e styl fan de tsjerke fan it oanbuorjende doarp De Himrik. De turfwinning wie doe al útein set en dat makke dat der jild wie foar in nij tsjerkegebou. Yn 1860 waard de hjoeddeiske tsjerke op de fûneminten fan syn foargonger boud. De 17e-iuwske preekstoel datearret noch út de âlde goatyske tsjerke.

Begjin 18e iuw waard de Skoatterlânske Kompanjonsfeart oanlein om de turf ôf te fieren. De tsjintwurdige turfrûte ferbynt it doarp mei Terwispel, De Himrik en De Gordyk. Yn de 18e iuw waard der besuden it doarp in soad bokweet ferboud. Yn it doarpswapen wurde de turffearten en de bokweetkerrels symbolisearre.

NTM-tram yn Lippenhuzen

Sûnt 1911 rûn de tram fan de NTM troch de Buorren fan Lippenhuzen. De line rûn oant Easterwâlde en waard letter trochlutsen nei Stienwyk en Assen. Oant 1947 waarden passazjiers en fracht ferfierd, dêrnei oant de opheffing fan de line yn 1962 allinne noch fracht tusken De Gordyk en Stienwyk.

Oan de eastkant fan De Buorren foarmet sûnt 1932 de wettertoer it hichtepunt fan it doarp, in yn ekspresjonistyske styl boud mânsk bouwurk. By de ûnderkant fan de ommanteling fan it reservoir kraget it mitselwurk fan de skacht der yn in dûbele beweging út om de hoeken op te fangen. De foarm fan de toer feroaret dan yn in achtkantich systeem. De lizzende finsters krigen op de hoeken mitsele silinderkes: art déko- ornamintyk.

Nei de Twadde Wrâldoarloch fûn doarpsútwreiding oan de súdlike kant fan De Buorren plak. Begjin jierren 1990 is de doarpsútwreiding fan it plan "Lippenhuzen-East" folboud. It doarp fierde yn 2016 it 700-jierrich jubileum.[6]

Multyfunksjoneel sintrum De Mande

Op 25 maaie 2018 waard it Konbunderhûs iepene. Yn it multyfunskjonele sintrum fûnen de iepenbiere basisskoalle De Flecht, it doarpshûs De Mande, de fuotbalferiening en de pjutteopfang It Berneplakje in ûnderdak. De Harker is de doarpskrante fan Lippenhuzen. De buertsuper moast yn 2021 de doarren slute.[7] Yn juny wurdt meast it doarpsfeest holden.

De Piterstsjerke
De Wikipedy hat ek in side Pitertsjerke (Lippenhuzen).

It doarp hat ferskillende buertferienings.

Polebrêge

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2005
Ynwenners 1002 1307 1214 1150 1094 1115 1321
Jier 2015 2020
Ynwenners 1358 1290

Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020: Alle Cijfers. Oare jierren sûnder boarnefermelding oernommen fan de besteande ynformaasje yn it artikel)

Berne yn Lippenhuzen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boerestreek 13
  • Tusken 1639 en 1832 stie foar de pleats fan de Bûtewei 22 oer in nôtmûne.[8] Oan de Kompanjonsfeart west fan de Buorsterwyk stie sûnt 1860 in houtseachmûne, dy't yn 1864 ôfbaarnde.[9]
  • Noardwestlik fan it doarp stiet oan de ferbiningswei mei Beetstersweach, de Sweachsterwei, in út likernôch 1860 datearjend tolhûs.

't Corso, Boerestreek, Bûkenhage, Buorsterwyk, Bûtewei, Kompanjonsfeart, De Buorren, Dotterblom, Feestlân, Heidereed, Kobunderleantsje, Marten Janswei, Omgong, Pompeblêd, Rjochtskeamerpaad, Singel, Slûsleane, Swanneblom, Sweachsterwei, Tjalling Harkeswei, Trijehoek, Weme, Welgelegen.

Wytse van der Sluis en Fokko Bosker "Van Ljuppingahuzum tot Lippenhuizen"

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
· · Berjocht bewurkje