Springe nei ynhâld

Kristen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 jul 2018 om 22.33 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (→‎Sjoch ek: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kristusfoarstelling út de 6e iuw, Ravenna

In kristen (froulike foarm: kristinne) is in oanhinger fan it kristendom, of (wat beheind sjoen) in neifolger fan Jezus Kristus.

Skiednis fan de namme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik wie de term 'kristen' in skelnamme foar de oanhingers fan Kristus. It soe foar it earst brûkt wurde neidat yn Jeruzalem in ferfolging útbrutsen wie, dêr't ek de lettere apostel Paulus (dy't doe noch Saulus hiet) by belutsen wie. De kristenen flechten fuort en rekken ferspraat oer it Romeinske ryk. Letter waard de skelnamme troch de nije groepearring sels oernommen om harren te ûnderskieden fan oare leauwigen lykas de Joaden.

De skiednis fan de earste kristenen is werom te finen yn it Bibelboek Hannelingen fan de Apostelen, haadstik 11.