Springe nei ynhâld

Kowedong

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 jun 2020 om 02.13 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Skytaai yn greidlân
Drûgjen fan kowedong as brânje yn Yndia
It drûgjen fan kowedong yn Bihar (Yndia)
Miggen op in skytaai
In dongtuorre

Kowedong is de trochgong of it ekskremint fan kobisten. In inkelde termútskieding fan in ko, dat gauris yn in greidlân leit te drûgjen, wurdt skytaai neamd.

In skytaai hat ornaris in trochsneed fan likernôch 30 sm en waacht oant sa'n 2 kilogram. In kobist skiedt sa'n acht oant tsien skytaaien deis út. Yn wiet waar brekt in skytaai ôf yn twa oant trije moanne en wurdt as libbensromte brûkt troch ferskate ynsekten, dy't it foar fiedsel en it lizzen fan aaien, en de waarmte, dy't troch it ôfbrekken ûntstiet, brûke. Om in skytaai hinne waakst it gers bysûnder heech, mar wurdt troch de bisten net fretten en dêrtroch ûntstiet winliken in bosk frak gers. Mei drûch waar wurde skytaaien drûger en kinne dan as brânje brûkt wurde.

Om't kowedong ryk is oan organyske stoffen, wurdt it ornaris yn de lânbou brûkt foar it bedongjen fan lânbougrûn. Boppedat kin by it gêstjen fan de dong, mei de oanwêzigens fan soerstof dêr't metaan troch ûntstiet, biogas opwekke wurde. In skytaai kin troch waarmte-enerzjy 0,1 kilowattoere produsearje.
Yn guon geaen mei hege bergen, sa as yn de Alpen, Tibet, Yndia en Turkije, dêr't beammen beheind binne, wurde drûge skytaaien brûkt as brânje foar it hjitsjen. Op de Halligen yn Noard-Fryslân wurdt besocht kowedong as brânje te brûken foar it sieden op sinne-enerzjy.
Ek tsjinnet kowedong as boumateriaal. Bygelyks yn Afrika wurket drûge dong as sinnestiennen of as gips of taheaksel foar bouliem yn flechthutten.

Daalk nei it útskieden fan de skytaai ferskine der miggeguod en tuorren. Dongkrobben lizze harren aaien en harren larven ûntwikkelje harren fluch yn it foar in part wiete ûndergrûn. Yn de twadde faze komme der yn de noch fochtige skytaai strontmiggen, sa as de Scathophaga stercoraria, derby en allinne harren larven binne dongfretters. De miggen sels libje foar in part rôfsuchtich. Ek ferskate skyldtuorren en harren larven jeie op oare dongbewenners.
Nei't de bûtenkant fan de skytaai opdrûge is, mar binnenyn noch fochtich en troch gongpaden trochkrúst is, ûntjouwe der skimmels, gêsten en baktearjes, dy't it fierder ôfbrekke. Dêrnei ferkrommelt de skytaai en gers waakst der trochhinne. Miten, tiken, tûsenpoaten en blaukopwjirmen libje yn de ûndergrûn. It oerbliuwsel wurdt troch fûgels, dy't nei fretten sykje, stikken hakt of troch dongkrobben fergroeven.

Yn trochsneed kowedong yn Nederlân sitte de folgjende stoffen (yn kilogram de ton)[1]:

Foarm Drûge stof Organyske
stof
Stikstof Fosfaat Kaly Magnesium Natrium
Tinne dong 92 71 4,0 1,5 5,4 1,2 0,8
Jarre 25 10 4,0 0,2 8,0 0,2 1,0
Fêste dong 267 155 7,7 4,3 8,8 4,1 1,1

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kuhdung