Springe nei ynhâld

Knooppunt Werpsterhoeke

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 jun 2021 om 06.09 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) ([[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It knooppunt Werpsterhoeke

It knooppunt Werpsterhoeke is in ferkearsknooppunt justjes besuden Ljouwert, dy't de N31 (Surch-Harns-Ljouwert-Drachten) en N32 (Meppel-It Hearrenfean-Ljouwert) ferbynt. It knooppunt is in heal stjerknooppunt en is part fan it súdlike part fan de Heak om Ljouwert.

Yn maart 2010 waard it traseebeslút tekene, en letter yn dat jier hat de Rie fan Steat de beroppen tsjin it oanlizzen ôfwiisd. De rykswei waard oanlein troch Rykswettersteat (súdlike part mei it knooppunt ynbegrepen) en de provinsje Fryslân it noardlike part. De tariedings foar it projekt dy't folslein op ûngelikese hichte boud waard, fûn plak yn 2011. Tusken ein 2011 en 2014 waard it knooppunt oanlein. Op 18 desimber 2014 waard de Heak om Ljouwert en it knooppunt offisjeel iepene.

   Oanslutende diken   
              
     
  nei Ljouwert, Stiens, Harns    nei Ljouwert-Súd, Drachten, Grins 
     
        nei Snits, It Hearrenfean, Swol       


Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits