Springe nei ynhâld

Knolstienbrek

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 nov 2023 om 22.40 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (bettere foto)
knolstienbrek
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift stienbrekeftigen (Saxifragales)
famylje stienbrekken (Saxifragaceae)
skaai stienbrekken (Saxifraga)
soarte
Saxifraga granulata
Linnaeus, 1753

De knolstienbrek (Saxifraga granulata) is in stinzeplant út de stienbrekfamylje (Saxifragaceae). De soarte komt foar yn West-Europa en yn de bergen fan Súd-Europa. De knolstienbrek groeit yn Súd-Nederlân en healannen oan rivieren, mar ek oan boskpaden.

stienbrek

It is in fêste plant dy 't 15-50 cm heech wurdt. Oan de foet fan de plant sitte krekt boppe of ûnder de grûn lytse boltsjes, fandêr de soarteoantsjutting granulata. Troch dy boltsjes fermearderet de knolstienbrek him fegetatyf fuort. De 1-3 sm lange blêden binne mei útsûndering fan de boppeste rûn oant nierfoarmich mei karteltoske râne. De boppeste blêden binne wat langwerpiger. De knolstienbrek bloeit yn Nederlân fan maaie - juny mei wite blommen, dy't ± 1,5 sm grut binne. De blom bestiet út fiif kroanblêden. De bloeiwize is in los byskerm.

De folde foarm fan de Knolstienbrek is Haarlimmer klokkespul (Saxifraga granulata 'plena') is in foldblommige cultivar dy't ferwyldere as stinzeplant foarkomt by bûtens as Martenastate yn Koarnjum, Hûs te Manpad (Heemstede), Thijsse's Hof (Bloemendaal), en de Haarlimmerhout.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saxifraga granulata fan Wikimedia Commons.