Springe nei ynhâld

Katedraal fan Torcello

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 apr 2024 om 20.56 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ posysjekaart.)
Marije-Himelfeartbasilyk

Basilica di Santa Maria Assunta

Lokaasje
lân Itaalje
regio Veneto
provinsje Feneesje
plak Torcello
adres Fondamenta dei Borgognoni 24, 30142 Feneesje
koördinaten 45° 29' N 12° 25' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Marije-Himelfeart
Arsjitektuer
boujier 1008
boustyl Feneesjaansk-byzantynske arsjitektuer
Kaart
Katedraal fan Torcello (Itaalje)
Katedraal fan Torcello

De Basilica di Santa Maria Assunta is in katolyk tsjerkegebou op it eilân Torcello yn 'e baai fan Feneesje en de eardere katedraal fan it net mear besteande bisdom Torcello.

De tsjerke stiet krekt bûten it sintrum fan wat oerbleaun is fan 'e âlde stêd en stiet wat ôfsidich fan 'e rest fan 'e bebouwing op it eilân. Njonken de eardere katedraal stiet de Chiesa di Santa Fosca en lizze de fûneminten fan 'e net mear besteande oan Jehannes de Doper wijde doopkapel. De tsjerke hat de status fan in basilica minor.

Skiednis

Neffens in âlde ynskripsje waard de tsjerke yn 639 stifte troch eksarch Izaäk fan Ravenna, doe't Torcello noch in rivaal wie fan de jongere delsetting Feneesje.

Plattegrûn.

Der wurdt fanút gien dat de oarspronklike katedraal in middenskip mei oan beide kanten in sydskip en ien eastlike apsis hie. It is dreech om it oarspronklike ûntwerp fan 'e tsjerke te rekonstruearjen, om't der troch renovaasjes net in soad fan it âlde bouwurk oerbleaun is. Allinne de muorre fan 'e sintrale apsis en in diel fan 'e gevel fan 'e hjoeddeiske tsjerke (dat earder in diel wie fan 'e net mear besteande doopkapel) binne noch oarspronklik.

Nei de stifting fan Torcello waard de delsetting al gau ien fan 'e rykste en meast bloeiende plakken fan 'e âlde Republyk Feneesje en yn 864 fûn al de earste fan 'e twa grutskalige feroarings oan 'e tsjerke plak. Oan 'e sydskippen waarden doe de noch besteande apsiden oanboud. Ek de tribune mei de biskopstroan yn 'e sintrale apsis en de dêr ûnder lizzende krypte datearje fan dy renovaasje. De lêste grutte ferbouwing waard yn 1008 ûnder biskop Orso Orseolo konsekrearre. By dy ferbouwing waarden it middenskip ferhege, yn 'e westlike muorre ramen ynbrocht en bôgen oan beide kanten fan it middenskip tafoege om de ljochtbeuk te dragen. De hjoeddeiske tsjerke datearret fan dy rekonstruksje.

Yn 'e 15e iuw rekke de stêd yn it neigean en feroare it eilân stadichoan yn in ferlitten gebiet. De tsjerke bleau lykwols noch oant 1818 in katedraal. Yn dat jier waard it gebou in gewoane parochytsjerke fan it patriarchaat fan Feneesje.

Súdeastlik stiet in frijsteande klokketoer mei trije klokken.

Ynterieur

Ynterieur.

It ynterieur wurdt ferdield yn trije skippen mei 18 pylders mei korintyske kapitelen. De binnenkant fan 'e westlike gevel is folslein bedutsen mei in 11e- oant begjin 12e-uwsk mozayk yn Feneesjaansk-byzantynske styl mei fan boppe nei ûnder: de krusiging, de delgong fan Kristus yn it deaderyk en it Jongste Gerjocht.

De healrûne apsis hat in mozayk fan in steande Hodegetria op in fierder gouden eftergrûn. Under har in is in bân oanbrocht mei steande hilligen. De mozaïken binne 11e-iuwsk en eartiids oanbrocht troch in team fan Byzantynske keunstners, mar de Marije-figuer waard in iuw letter nei in ierdskodding rekonstruearre, wylst de hilligen noch fan it earste wurk datearje.

It preesterkoer wurdt troch in doksaal skieden fan 'e tsjerke. It doksaal bestiet út in tal smelle moarmeren pylders mei Byzantynske kapitelen en dêrtusken reliëfs mei pauwen en liuwen. Dêrboppe is in rige fan houten panelen, dy't beskildere binne mei hilligen.

It heechalter yn in sintrum fan 'e apsis waard yn 1923 mei it brûken fan orizjinele dielen rekonstruearre. Dêr lizze ek de reliken fan Sint-Heliodorus, de earste biskop fan Altinum (it moderne Altino). In oare wichtige relikwy yn 'e tsjerke is de plasse fan 'e hillige Sesilia. Lofts fan it alter is in stiennen ynskripsje, dy't werom giet op 'e stifting fan 'e tsjerke; it foarmet it âldste "dokumint" fan 'e Feneesjaanske skiednis. Tsjin de muorre fan 'e apsis is de ferhege moarmeren biskopstroan.

Ek it neamen wurdich is in 15e-iuwsk skilderij fan in Madonna mei Bern.[1]

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: