Springe nei ynhâld

Kadaster

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 feb 2020 om 23.19 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (→‎Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Haadkantoar Kadaster Nederlân, Apeldoarn

In kadaster is in fanwege de oerheid byhâlden iepenbier register fan fêste saken en de dêrop festige rjochten. It wurd wurdt ek brûkt om de tsjinst oan te tsjutten dy’t it bewâld fan sa’n register hat. It Kadaster is de ynformaasjeboarne foar dejingen dy’t feiten fan beskate perselen witte wolle.

Wêr’t de namme kadaster krekt wei komt is net hielendal wis; it wurd stammet fan it midsiuwske latynske catastrum, dat of fan it Grykske καταστιχον (katastichon), list, of it Latynske capitastrum (holle), in Romeinske haadlike belesting basearre op it hawwen fan ûnreplik goed.

Kadaster

De ferskillende wetlike taken fan it Kadaster wurde hjirûnder taljochte. It Kadaster is yn Nederlân in selsstannich bestjoersorgaan .

Oant de ein fan de 18e iuw ta kende it gebiet fan it Keninkryk fan de Nederlannen fan no gjin lykfoarmige administraasje fan fêst goed. Hoewol’t al earder besocht wie dat te feroarjen, bleau de administraasje datearre en wat in soadsje. Dêrtroch wie it net mûglik om in sekuere weardebepaling en belestingoanslaggen te jaan.[1]

Hollânsk Kadaster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earst mei it ta stân kommen fan de ienheidssteat Nederlân yn 1798 waard, neffens it Frânske ideaal fan egalité, besocht in rjochtfeardige belestingheffing yn te fieren. Om it safier te krijen waard in administrative organisaasje foar els departemint opset.

Yn 1810 en 1811 waard it hiele grûngebiet yn kaart brocht, mei dêrby in oersjoch fan feiten oer it soart perseel, de eigner en it oerflak. It projekt mislearre lykwols en de kaarten waarden yn 1811 ôfkard foar it gebrûk yn it kadaster nei Frânsk model, omdat sy net systematysk genôch en yn opset te ûnfolslein wiene.[1]

Méthodique Samling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neidat it Keninkryk Hollân yn 1810 definityf ynlive waard by it Frânske keizerryk, jilden de Frânske wetten ek yn Nederlân. Dat betsjutte dat Nederlân ek in unifoarme belestingwetjouwing hawwe moast. Omdat de besteande registraasjes yn de Hollânske departeminten net foldienen oan de easken fan it Frânske Recueil Méthodique, waard yn oktober 1811 it kadaster op Frânske wize yn gebrûk naam. Der kaam in twatalige edysje fan de Frânske wetjouwing mei de namme Méthodique Verzameling der Wetten, Decreten, Reglementen, Instructiën en Decisiën, betrekkelijk het Cadaster van het Fransche Rijk, yn’t koart Méthodique Verzameling.[1]

Kadastrearring oant 1832

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol’t Nederlân inkelde jierren letter wer ûnôfhinklik fan Frankryk waard, bleaunen de Frânske foarskriften jilden. It proses fan kadastrearing ferrûn stadich. Earst yn 1825 koe avensearre wurde mei de ynfiering fan it nije Boargerlik Wetboek, dêr’t it plan foar ynfiering fan de gearhing tusken grûnboekhâlding en hypotekêre boekhâlding yn regele waard.

Tusken 1826 en de ynfiering fan it kadaster op 1 jannewaris 1832 waard der gong makke mei de kartering, mar de kaarten út dy perioade wienen fan folle minder kwaliteit as de kaarten fan foar 1825 .[1]

Ald logo fan it Kadaster by eardere festiging yn Breda

Yn Nederlân registrearret de Tsjinst foar it kadaster en de iepenbiere registers sûnt 1832 feiten oer in beskaat stik fêst goed (it perseel) en alle wizigingen dy’t har dêryn foardogge.

De namme fan de eigner of fruchtgebrûker wurdt fêstlein. Teffens plak, ôfmjittingen, gebrûk fan it perseel, miljeukanten fan de boaiem en ek oft der in hypoteek of erftsjinstberheden op sitte. In perseel wurdt oantsjut mei de kadastrale oantsjutting, dy’t altyd bestiet ut de namme fan de kadastrale gemeente, de letter fan de seksje en it nûmer fan it perseel, sa nedich oanfold mei de appartemintsindeks at it perseel splitst is yn appartemintsrjochten. In noch net útmetten part fan in kadastraal perseel hjit in dielperseel, bygelyks yn gefal fan in part fan in perseel dat ferkocht is. De grinzen fan de nije perselen (it ferkochte en it oerbliuwende part) moatte dan noch oanwiisd en opnaam wurde.

Skippen en fleanmasines

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kadaster fersoarget ek de registraasje fan de eigendommen en de hypoteken op saneamde registergoederen sa as skippen en fleanmasines. Skippen komme yn it Skipsregister.

Lânynrjochting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lânynrjochtingsprojekten lykas ruilferkaveling hearre ek ta de taken fan it kadaster.

Topografyske kartearing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2004 is de Topografyske Tsjinst part fan it Kadaster, no ûnder de namme Kadaster Geo-Ynformaasje.

Stelsel fan de Rykstrijehoeksmjitting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kadaster ûnderhâdt it Nederlânske koördinaatsysteem, de Rykstrijehoekskoördinaten (RT).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlân:

Nederlânske Antillen:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Werkgroep kadastrale atlas provincie Utrecht (2000) Kadastrale Atlas provincie Utrecht 6. Utrecht in 1832. Grondgebruik en eigendom. Laren: Printerij van Wijland B.V.