Springe nei ynhâld

Jehannes (Romeinsk keizer)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 mai 2017 om 13.50 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Jehannes (? - juny of july 425) wie keizer fan it West-Romeinske Ryk ein 423 oant de simmer fan 425. Hy waard troch de Eastromeinske keizer Teodoasius II net erkend, en waard dêrom usurpator neamd.

Solidus fan Jehannes.

Doe keizer Honorius stoar yn augustus 423 moast Teodosius II fan Byzantium in opfolger beneamen. Dit soe Falentinianus III wurden, de soan fan Galla Plasidya, de sus fan Honorius. Falentinianus (6 jier âld) siet lykwols yn Konstantinopel, en der waard lang omkliemd. Dit joech Jehannes, de primicerius notariorum (heechste notaris) fan Honorius de mooglikheid om't de macht te gripen yn Rome. Teodosius erkende him fansels net; mar hy hie wol de magister militum Kastinus en Aetius (dy't letter Attila de Hun ferslaan soe) op syn hân. Sawat it hiele westlike ryk erkende him as keizer, de ienichste útsûndering wie Afrika.

De komôf fan Jehannes is net bekend, en der binne ek net folle boarnen oer him. De skriuwer Prokopius meldt dat Jehannes in sêftsedich karakter hie, yntelligint en redsum wie. Hy wie ek tolerant tsjin alle kristenen, dit wie yn tsjinstelling ta in protte oare keizers.

Jehannes wist dat as Teodosius yngripe soe hy gjin inkele kans hie om te winnen. Dêrom socht hy kontakt, mar al syn besykjen wie omdôch. Doe't Teodosius de jonge Falentinianus yn earsten as Caesar beneamde en letter ta keizer makke waard rillegau dúdlik dat in boargeroarloch kommendewei wie. Jehannes stjoerde dêrom Aetius nei de Hunnen ta om help. De eastlike troepen wienen lykwols gau yn Itaalje; sy lannen by Akwileia en Jehannes koe Ardaboer, de lieder fan it eastlike leger, finzen sette. De finzene waard troch Jehannes goed behannele om by him yn in goed blêdsje te kommen. Ardaboer krige it lykwols foar inoar dat Jehannes syn leger him yn Ravenna ferriede. Jehannes waard finzen set en letter yn july ûnthaadzje.

Trije dagen nei Jehannes syn dea kaam Aetius oansetten mei in grut hierlingeleger fan Hunnen. Der wienen wat skermutselingen hin en wer en dêrnei waard der in oerienkomst sletten tusken Galla Plasidya en Aetius: de Hunnen waarden betelle en weromstjoerd, en Aetius waard beneamd as magister militum fan it westlike ryk, in posysje mei in soad macht.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]