Springe nei ynhâld

Hege kening

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 feb 2017 om 18.05 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Hege kening is in aadlike titel foar in monarch dy't regearret oer ferskate mindere keningen, sûnder de titel fan keizer te fieren. In hege kening stiet sadwaande net sasear boppe de oare keningen, as dat er de earste ûnder syn gelikensen is. Soartgelikense titels binne grutte kening en kening der keningen. Histoarysk wie it sa dat hege kenings yn 'e regel regearren oer gebieten dy't op kultureel mêd in ienheid foarmen, wylst keizers hearsken oer kultureel ferskate gebieten. De status fan 'hege kening' waard oer it algemien op ien fan twa manearen berikt: òf trochdat sa'nent troch de mindere keningen keazen waard (meastal as der in beskate driging fan bûtenôf bestie dêr't in feriene front tsjin foarme wurde moast), òf trochdat it oarspronklike domein fan 'e hege kening swakkere omlizzende keninkriken troch geweld of diplomatike yntimidaasje twong om syn oerhearskippij te oanfurdzjen.

De iennichste hege kening is tsjintwurdich de yang di-pertuan agong, yn it deistich taalgebrûk de kening fan Maleizje neamd. Dyselde hearsket oer ferskate mindere foarsten, wêrûnder sân sultans, dy't lykslein wurde kinne mei keningen. Foarbylden fan histoaryske hege keningen binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.