Springe nei ynhâld

Haadwurd

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 mrt 2021 om 18.21 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Bewurkings fan "2A02:A44E:88BD:1:530:5881:E793:9CFA" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Addbot".)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Haadwurden binne in wurdsoarte. Mei haadwurden beneame wy de wrâld om ús hinne; it binne de wurden/nammen foar minsken, bisten, planten, dingen en abstrakte begripen, lykas: Eekma, Jeltsje, bakker, hurdfytser, beam, iik, stien, boerelienbank, definysje, slûgens, hearlikheid. Haadwurden kinne selsstannich foarkomme en oare wurdsoarten passe har, troch bûging of morfology, oan it haadwurd oan. Haadwurden kinne in meartal hawwe of ferlytse wurde. Troch in s ta te heakjen oan it haadwurd kin men in besitsferhâlding oanjaan Haadwurden binne ûnder te ferdielen yn:

  • eigennammen: Jan, Tjerk, waadsee;
  • stofnammen: fleis (wy ite hjoed fleis);
  • foarwerpnammen: man, frou, bern;
  • sammelnamme: berchte, wâld.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikiwurdboek Wikiwurdboek: haadwurd – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika