Springe nei ynhâld

Frysk-Hollânske ko

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 feb 2024 om 22.42 troch Matrix (oerlis | bydragen) (Werom sette fan ferzje 1147280 fan Special:Contributions/31.201.107.195 (Meidogger_oerlis:31.201.107.195) unnecessary external links)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Fryske bolle

De Frysk-Hollânske ko (FH) is in koweras dat yn Nederlân har oarsprong hat.

Eartiids bestie in grut part fan de Nederlânske feestapel út dizze meast swartbûnte hoarnbisten. In lyts persintaazje fan de Frysk-Hollânske kij is fanâlds readbûnt en soms grys. It binne saneamde dûbeltdoel kij, dat wol sizze dat it ras gaadlik is foar molke- en fleisproduksje. Tsjintwurdich binne fierwei de measte boeren spesjalisearre yn molkfeehâlderij (greidboeren) of fleisfeehâlderij. Greidboeren yn Nederlân hawwe benammen Holstein-Friesian kij, in ras dat fuortkaam is út it Frysk-Hollânsk ras.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]