Springe nei ynhâld

Frankfurter Buchmesse

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 nov 2019 om 23.06 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Eksterne link: red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Frankfurter Buchmesse
plak en tiid
lân Dútslân
bûnslân Hessen
plak Frankfurt am Main
holden yn Messe Frankfurt
tiid fan it jier mids oktober
bysûnderheden
soarte evenemint fakbeurs
sjenre boekebeurs
bestean fan 'e 17e iuw ôf
modern: 1949 – no
org. troch Frankfurter Buchmesse
   GmbH
tal besikers 286.000
offisjele webside
www.buchmesse.de

De Frankfurter Buchmesse is in Dútske boekebeurs op inisjatyf fan de beursferiening fan boekhannels yn Dútslân. It evenemint fan fiif dagen is alle jierren yn oktober yn de Messe Frankfurt (Frankfurt am Main) en is mei 7000 eksploitanten en mear as 280.000 besikers de meast ymposante boekebeurs fan de wrâld. Op snein wurdt de Fredespriis fan de Dútske Boekhannel útrikt.

De Frankfurter boekebeurs hat in lange skiednis fan mear as 500 jier. In boekebeurs yn Frankfurt hie him al profilearre, neidat Johannes Gutenberg him yn Mainz, inkelde kilometers fan Frankfurt, nei wenjen sette. Gutenberg hie de boekdrukkeunst útfûn en dêrmei besocht de beurs dy ynnovaasje te fersprieden. Dêrfoar wie de boekdrukkeunst al yn Korea útfûn,
Oant let yn de 17e iuw bleau Frankfurt am Main de sintrale boekebeursstêd fan Jeropa. Troch politike en kulturele omkear gie yn de tiid fan de Ferljochting dy rol nei Leipzig, dêr’t de Leipziger beurs holden waard. Earst twahûndert jier letter libbe de boekebeurs yn Frankfurt wer op: 205 Dútske eksposanten sammelen har fan 18 oant 23 septimber 1949 yn de Frankfurtske Paulstsjerke foar de earste boekebeurs nei de oarloch.

Funksje fan de beurs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boekeberus is as fakbeurs yn it foarste plak foar útjouwers, aginten, boekhannelers, bibletekarissen, wittenskippers, yllustrators, tsjinstesektor, filmprodusinten, oersetters, printers, ferienings, keunstners, skriuwers, antikêrs en software- en multymedia-oanbieders om har guod oan te bieden en om saken te dwaan. Foar it earst wie der yn 2004 in filmfoarum. Foarstellings oer û.o. harkboeken en it moderne antikwariaat binne yn it oerset- en bibleteeksintrum. Sûnt 2005 hat de earste Frankfurter Antikêrbeurs him oansletten, ek wrâldwiid de grutste. Ek waard yn 2005 foar it earst in mienskiplike brânsjtentoanstelling foar tydskrifte-útjouwers fan de fak-, publyks- en ynternasjonale parse ynrjochte, krekt as in spul- en spultsjebeurs mei de boartersguodbeurs fan Neurenberg en waard de Dútske romanpriis fan 37.500 euro oan Arno Geiger útrikt. De hannel yn boeklisinsjes/rjochten is yn in eigen agintesintrum.
De boekebeurs is yn twadde ynstânsje mar in beurs foar it publyk dat mar twa dagen talitten wurdt. Mear as 12.000 sjoernalisten út 100 lannen berjochtsje oer de boekebeurs. De Frankfurter boekebeurs wurket ek bûten de beurstiid om – se stelt de mânske online-databank fan de brânsj beskikber en wurket gear mei û.o. útlânske saken en de Goethe-ynstituten foar Dútske literatuer yn it bûtenlân. Boppedat binne der bysûndere stúdzjebeursprograms. Yn juny 2006 is de joint venture (gearwurking) fan de earste boekebeurs yn Kaapstêd, de Capte Town Book Fair.

Frankfurter Buchmesse, 2011.

In bysûnder swiertepunt yn it oanbod foarmet it jierliks wikseljend gastlân. Yn 2013 wie Brazylje gastlân, yn 2014 Finlân en yn 2015 Yndoneezje. Yn 2016 wiene Flaanderen en Nederlân yn ‘e mande gastlân. Yn 1993 wiene dy lannen dêr ek al. It gastlânskip fan Flaanderen en Nederlân yn 1993 hat bydroegen oan de bekendheid fan Nederlânske auteurs, lykas Cees Nooteboom en Harry Mulisch, yn Dútslân.[1]

It gastlân spilet ek in wichtige rol yn it kulturele ramtprogram (benammen lêzings en jaan fan prizen): yn 2004 hiene sawat 500 fan de sawat 3000 organisaasjes in relaasje mei it gastlân. Tentoanstellings en lêzersreizen fan it gastlân begjinne foar de beurs en fine noch lang dêrnei plak.
Ek organisearret de Frankfurter boekebeurs as oerkoepeljende organisaasje foar Dútske útjouwers aktiviteiten yn it bûtenlân, bygelyks yn it ramt fan it Dútsk-Poalske jier op de boekebeurs fan Warschau, in wichtich plak foar bemiddeling fan westerske lannen yn eastlike lannen (mei 300 m2 fan 18–20 maaie, Poalen leit as ôfnimmer fan Dútske lisinjes op it tredde plak).

Fryslân op de boekebeurs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjêbbe Hettinga krige in protte lanlik omtinken fanwege syn foardracht op de Frankfurter Buchmesse yn oktober 1993. Omdat Tsjêbbe sokke minne eagen hie, died er alles út 'e holle, wêrby't er safolle mooglik lading oan it wurk joech troch it brûken fan syn stim. Syn poëzij giet in soad oer it lânskip om him hinne, mar ek oer Wales en Grikelân. Yn 2013 presintearre Fryslân himsels op de Boekebeurs mei in eigen brosjuere ’10 Books From Fryslân’. Yn 2016 die Fryslân dat wer en liet har mei fertsjintwurdige troch de skriuwers Tsead Bruinja, Anne Feddema en Willem Schoorstra.

Lieding fan de boekebeurs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1 april 2005 is Juergen Boos direkteur fan de Frankfurter Buchmesse. Dêrfoar late er de marketing by útjouwerij Wiley-VCH Weinheim. Hy kaam nei syn foargongers Volker Neumann, Lorenzo Rudolf, Joachim Kehl en dy syn desennialange foargonger Peter Weidhaas.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://duitslandinstituut.nl/artikel/11874/boekenwereld-richt-zich-op-duitsland-in-2016

Foar fierdere boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.