Springe nei ynhâld

Earste Frânske Keizerryk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jun 2020 om 03.37 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
Napoleontysk ryk yn 1811
Ingres: Napoleon op syn keizerlike troan

It Earste Frânske Keizerryk begûn formeel yn 1804, en einige tsien jier letter yn 1814.

Napoleon Bonaparte hie feitlik al de macht krigen by de steatsgreep fan 18 Brumaire op 9 novimber 1799, mar koe dy macht earst útfiere nei’t er himsels yn 1804 ta keizer kroane hie.

Fan 1810-1813 wie Nederlân part fan it Earste Frânske Keizerryk. It wie de lêste faze fan de Frânske tiid yn Nederlân.

De perioade fan Le Premier Empire hie as skaaimerken in grutte modernisearring op maatskiplik gebiet, bygelyks de Code Napoleon yn it rjocht, en tagelyk in pasifikaasje mei de oanhingers fan it Ancien Régime .

By de delfal fan Napoleon Bonaparte beneamde er syn soan Napoleon II ta keizer. Dy waard lykwols net erkend troch de grutmachten en waard ôfset yn it foardiel fan it Bourbondynasty, dat it Earste Frânske Keizerryk hat twa keizers hân.

De noardlike departeminten yn 1811

Keppelings om utens