Springe nei ynhâld

Dreamtiid

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 jan 2021 om 09.18 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In rotsskildering fan 'e Reinbôgeslange, in godheid of geast dy't in promininte rol spilet yn myten oer de Dreamtiid.

De Dreamtiid (Ingelsk: Dreamtime of The Dreaming) is de skeppingstiid yn 'e mytology fan 'e Aboriginals, de oarspronklike, lânseigen befolking fan Austraalje. De namme 'Dreamtiid' wol safolle sizze as "de reäliteit is in dream". It wie eins net echt in tiid fan skepping, mar earder fan 'e oardering fan 'e wrâld. It is dêrtroch nau ferbûn mei it Aboriginal-systeem fan wetten en oertsjûgings dat ek hjoed oan 'e dei noch tige ynfloedryk is yn 'e tradysjes fan 'e ûnderskate Aborizjinal-folken. De namme 'Dreamtiid' waard betocht troch blanken om 'e ynformaasje begrypliker te meitsjen. Aboriginals brûke leaver de oantsjutting yn harren eigen talen, lykas yn Sintraal-Austraalje Tjukurpa.

De Tjukurpa beäntwurdet fragen oer it libben. Hy leveret ek de regels foar hâlden en dragen en hoe't men mei-inoar libje moat. De komplekse relaasje tusken minsken, bisten, planten en it lân wurdt dermei ferklearre, bgl. hoe't en wêrom't it lân fersoarge wurde moat. De Tjukurpa biedt ynformaasje oer wat iten wurde kin, de regels fan it houlik, inisjaasjeriten, en de rituelen fan 'e dea. Guon dielen fan 'e Dreamtiid binne allinich bekend foar dejingen dy't it rjocht op 'e kennis urven hawwe. De rituelen en histoaryske foarfallen omtrint de Tjukurpa wurde, ek hjoed de dei noch, net yn detail útbrocht oan net-Aboriginals.

De Dreamtiid bestiet út fjouwer dielen: it begjin fan alles; it libben en de krêft fan 'e foarâlden; de manier fan libjen en stjerren; en de krêft yn it libben. De Dreamtiid is alle fjouwer tagelyk, om't er machtiger is as tiid en romte. Dêryn besteane alle dingen tagelyk. De Aboriginal-folken, dy't fan âlds net it Westerske konsept fan lineêre tiid kenne, neame de Dreamtiid de "tagelyk-tiid", om't se leauwe dat it tagelyk it ferline, it hjoed en de takomst is. It is in begjin dat gjin ein hat.

Tradisjonele Aboriginals leauwe dat se kontakt meitsje kinne mei de Dreamtiid troch te dûnsjen en rituele lieten te sjongen. Se leauwe ek dat minsken in diel yn harren hawwe dat ivich libje sil. Dat diel bestie al foar de berte en sil ek nei de dea fuortlibje.

Al dy leauwensoertsjûgings binne basearre op in rike skeppingsmytology. Aboriginals leauwe dat har foarâlden as gigantyske slangen ûntstiene út it hert fan 'e ierde. Se swalken de wrâld oer en makken rivieren en bergen. Oare foarâlden makken de rein en de sinne, de minsken en de bisten. De plakken dêr't sokke foarâlden út  'e ierde kroepen, binne hillich en wurde noch altyd brûkt foar it útfieren iuwenâlde Aboriginal-rituelen.

It hjoeddeiske lânskip spilet yn it ramt fan 'e Dreamtiid in wichtige rol. Foar de Aboriginals is it lânskip in soarte fan bibel: der binne allerhanne wichtige foarfallen út 'e dreamtiid út te lêzen. Wichtige punten yn it lânskip ferfolje wichtige funksjes yn 'e mytology. Ien fan 'e wichtichste lokaasjes is Uluṟu (foarhinne bekend as Ayers Rock).

Neffens de Aboriginals binne ferskate skuorren yn dy berch de oerbliuwsels fan in grutte striid tusken twa mytologyske skepsels. En guon oerhingings en hoalen befetsje noch de geasten fan it ferline. En der wurdt tocht dat oare ferskate lytse gatten groeven binne troch mytologyske mollen. Op dizze manier foarmet de berch by wize fan sprekken in bibel foar de Aṉangu, de folken fan 'e Westlike Woastyn, dy't gjin skrift hiene om har mytology op te skriuwen. Fansels jildt dat net foar Aboriginals dy't yn oarde dielen fan Austraalje wenje, mar it is in goed foarbyld.

De Aboriginals leauwe sterk dat de geasten fan 'e foarâlden noch op 'e ierde binne en dat de sielen fan 'e deaden krêft ynbliezen yn 'e harren neikommelingen fan 'e nije generaasje. Elke geast bliuwt tichtby it plak dêr't er stoar, mei as gefolch dat dêre syn ûnderstelde 'útstrielingskrêft' dan ek it sterkst is. In soad geasten wenje om wichtige plakken hinne, wat dy plakken noch hilliger makket. Der is in strikte skieding tusken manlju en froulju op 'e wichtige plakken yn it gebiet, dy't strang hanthavene wurde. Der binne guon dielen fan, bygelyks, Uluṟu dy't spesifyk te krijen hawwe mei frouljussaken en sadwaande net foar manlju tagonklik binne, en oarsom krekt-en-gelyk.

De nammen 'Dreamtiid' wurdt faak brûkt om 'e tiid foar it begjin fan 'e tiid, oftewol de tiid fan 'e skepping te beskriuwen. De measte Aboriginals leauwe dat alle libben ferbûn is mei de grutte foarâlden fan 'e Dreamtiid. Elke heuvel, boarne, rivier, de loft, elke funksje is makke yn 'e Dreamtiid. De reizen fan 'e foarâlden oer it lân skoepen it lânskip en befolken it mei planten en bisten. Dy reizen wurde faak ferteld yn sykly fan ferhalen, lieten en dûnsen bekend as iwara (sjongregels). Men leaut dat de grutte geastefoarâlden net ferdwûn binne, mar noch altyd omdoarmje, ek al binne se net te sjen. De seremoanjes fan lieten en dûnsen hâlde minsken yn kontakt mei de geasten. Tradisjonele Aboriginals leauwe dat it lân sûnder sokke seremoanjes gau stjerre sil.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Sources en Further Reading, op dizze side.