Springe nei ynhâld

Dirk Ploegsma

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 mai 2017 om 12.26 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
Selsportret, Dirk Ploegsma

Dirk Jacobs Ploegsma (Ljouwert, 19 febrewaris 1769 - dêre, 21 maaie 1791) wie in Frysk keunstskilder. Soan fan Jacob Dirks en Christina Idzardi.

Hoewol't er gjin gelegenheid hie om goede foarbylden en wurken te bestudearjen skildere er fraaie stikken. Doe't er noch mar sân jier wie[1] waard er in learling fan Mathijs Accama en Johannes Verrier. Ploegsma wie in learling fan J.M. Quinckhard (1688 - 1772). Keunstfreon dy't jonge keunstskilders advisearre, wêrûnder Willem Bartel van der Kooi dy't ek les fan Verrier hân hie. Syn wurk bestiet foar in grut part út portretten en histoaryske ûnderwerpen. Der sieten skilderijen fan him yn de keunstneilittenskip fan Vegelin van Claerbergen. Wurk fan him is te sjen yn it Frysk Museum.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Roeland van Eijnden & Adriaan van der Willigen, Geschiedenis der vaderlandsche schilderkunst, tweede deel, Haarlem: A. Loosjes, Pz. 1817, s. 461-464.[1]
  1. Van Eijnden & Van der Willigen, s. 461.