Springe nei ynhâld

Coca-Cola

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 des 2022 om 20.58 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (net hielendal sa as ik it betocht hie mar it kin der op troch...)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Coca-Cola
Lân fan oarsprong Feriene Steaten
Regio fan oarsprong Georgia
Type Cola
Fabrikant Coca-Cola Company
Op de markt brocht 8 maaie 1886
Kleur karamel
Farianten Coca-Cola (1886),
Coca-Cola light,
Coca‑Cola zero sugar,
Coca-Cola zero sugar zero caffeine,
Coca-Cola zero sugar raspberry,
Coca-Cola cherry,
Coca-Cola zero sugar cherry,
Coca-Cola vanilla,
Coca-Cola zero sugar vanilla,
Coca-Cola zero sugar lemon
webside cocacolanederland.nl
coca-colacompany.com
Coca-Cola
Coca-Cola
Fabryk fan Coca-Cola Canada Ltd yn 1941, Montreal

Coca-Cola is de namme fan in alkoholfrij drinken dat makke is fan sûkersjerp en bestândielen fan kolabeammen, oanfolle mei kafeïne en koalsoergas. Coca-Cola wie it earste Cola-merk. Hjoed-de-dei is Coca-Cola it grutste Cola-merk. De Coca-Cola Company húsmannet yn de Amerikaanske stêd Atlanta, en is de grutste frisdrinkenûndernimming op de wrâld. It 'Coca-Cola logo' is ien fan de bekendste merklogo's en wurdt faak besjoen as it symboal foar de westerske wrâld.

Coca-Cola is útfûn yn 1886 troch de apteker John Pemberton, dy't it drankje as in medisyn en genotmiddel ûntwikkele tsjin ûnder oaren pineholle en wurgens. It idee om it drinken Coca-Cola te neamen komt fan syn sakepartner Frank Robinson. De sierlike letters op de ferpakking fan dit Colamerk binne ek fan Robinson. It logo, de flessen (mei froulike foarmen), de merkstrategy en de drank hawwe der mei-inoar foar soarge dat it merk yn ’e hiele wrâld bekend waard.