Springe nei ynhâld

Célestin Freinet

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 mai 2021 om 16.24 troch Drewes (oerlis | bydragen) (fet)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Célestin Freinet (1914)
Op in Freinetskoalle drukke de bern sels teksten

Célestin Freinet (Gars, 15 oktober 1896Vence, 8 oktober 1966) wie in Frânske ûnderwizer dy’t in eigen pedagogy ûntwikkele hat mei de namme “Freinetûnderwiis”.

Célestin Freinet begûn syn karriêre yn 1920 yn in it Frânske doarp Bar sur Loupe, wêr't hy yn it doarpsskoaltsje in grutte klasse bern mei hast gjin ynteresse foar it learproses oantrof. Dizze situaasje brocht him derta de ûnderfiningen fan de bern by de ûnderwiislearsituaasje te belûken. De learlingen mochten harren belibbenissen fertelle en beskriuwe, mar Freinet gie der ek op út mei de bern om nije ûnderfiningen op te dwaan. Wannelingen yn de natoer en in besite bringen oan ambachtsminsken fan it doarp. Yn de klassesituaasje waarden ûnderfiningen ferwurke ûnder oare fia de “frije teksten” en nifeljen (nei oanlieding fan in besite oan de timmerman waard der timmere). Utgongspunt fan de belibbingswrâld en ûnderfiningswrâld fan it bern koe Freinet net realisearje yn de skoallokalen dy’t doe normaal wienen. Dêrom fierde hy in oantal wurkwizen yn dy’t yndividualisearring mooglik makken en in berop die op it sosjalisearjen fan de bern: frije tekst, natuerlik lêzen en rekkenjen, frij ûndersyk, groepsgearkomsten, muorrekrante, dei- en wikeplanningen, skoallekorrespondinsje, ferantwurdlikheden, frije kreative arbeid.

Yn 1928 wiksele Freinet it skoaltsje fan Bar sur Loupe foar in skoalle yn Saint Paul, dy’t foaral besocht waard troch earme bern. Tegearre mei de wykbewenners rjochte hy in yn- en ferkeapkoöperaasje op. Al syn wurk foar de earmen brocht him yn problemen mei de fêstige oarder. Yn 1935 stifte Freinet sels in skoalle yn Vence, dy’t yn earste ynstânsje bedoeld wie foar arbeiders en boerebern. By it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich waard Freinet arrestearre fanwege syn striid tsjin it faksisme. Hy ûntsnapte yn 1941 út de finzenis. Yn de jierren nei de kriich ivere hy bot foar de fersprieding fan syn ideeën. De earste oansetten dêrta waarden al oanjûn yn 1927, doe’t de ‘de l’Educateur’ foar it earst útkaam. Dit wie in blêd mei in teoretyske eftergrûn fan praktyk situaasjes út it Freinet ûnderwiis. Yn Tours waard in earste kongres hâlden. By dit kongres waard de ‘Cooperative de l’Enseignement Laic'(CEL) oprjochte, in koöperaasje dy’t noch stees soarch draacht foar de produksje en fersprieding fan de learmiddels foar it Freinetûnderwiis. Yn 1948 kaam er in ynstitút fan de grûn dat de fersprieding fan de ideeën fan Freinet stimulearre.

De freinetwurkers sels binne organisearre yn in ynternasjonale beweging. Pas yn 1949 kamen der inkele Nederlanners yn oanrekking mei it Freinet ûnderwiis. Dit liede al snel ta de oprjochting fan de koöperative feriening ‘De drukpers op school’. Dit is te fergelykjen mei de CEL. Tsjintwurdich hjit de oerkoepeljende organisaasje de ‘Freinet beweging”.

Yn Nederlân binne 18 Freinet skoallen. It oantal groeit stadich.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]