Springe nei ynhâld

Bosnysk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 jan 2023 om 12.53 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
Taalkaart fan 'e Balkan

Bosnysk is de standerttaal fan Bosnië en Herzegovina mei sa'n 2,5 miljoen sprekkers. It is in Slavyske taal dy't nau oan it Kroätysk en Servysk besibbe is. It Bosnysk wurdt sprutsen troch de Bosnyske befolking yn Bosnië en Herzegovina en troch in protte ymmigranten yn oare lannen. It Bosnysk hat in eigen skrift, dat basearre is op it Latynske alfabet, en it wurdt ek wol yn it Syrillyske alfabet skreaun.