Springe nei ynhâld

Betje Wolff

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 nov 2022 om 17.57 troch Drewes (oerlis | bydragen) (plaatsje)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Portret fan Betje Wolff, ± 1754
Aagje Deken (ûnder) en Betje Wolff
It grêf fan Aagje Deken en Betje Wolff op begraafplak Ter Navolging, Skeveningen

Betje Wolff, folút Elizabeth Wolff-Bekker, Flissingen, 24 july 1738 - Den Haach, 5 novimber 1804) wie in Nederlânsk skriuwster.

Betje Bekker waard berne yn in begoedige kalvinistyske famylje. Fan jongs ôf wie hja learderich, ambisjeus en keunstsinnich. Hja hie in gysten karakter en frijsinnige ideeën. Se koe in bytsje Latyn en learde Ingelsk.

Mei har sântjinde liet hja har skake troch de 24-jierrige faandrich Matthijs Gargon. Hoewol't hja nei ien nacht wer thús kaam, spriek men der skande fan en har kansen op in goede houlikspartij waarden der net grutter op.

Se troude op 18 novimber 1759 mei de 52-jierrige predikant en widner Adriaan Wolff. Sy hiene earst in briefwikseling hân. Yn 1763 debutearre sy mei de moraal-filosofyske dichtbondel Bespiegelingen over het genoegen. Yn 1777, nei de dea fan har man, wenne Wolff tegearre mei de meniste Aagje Deken en publisearren se ek tegearre. Harren grutste súkses wiene de briefromans De Historie van mejuffrouw Sara Burgerhart (1782) en Historie van den heer Willem Leevend (1784-1785). Yn 1778 ferhuzen Wolff en Deken nei De Rijp en yn 1782 setten sy harren ta wenjen yn Beverwyk.

Yn ferbân mei harren patriottyske sympatyen ferhuzen Wolff en Deken yn 1788 nei Trévoux by Lyon yn it departemint Ain (regio Rhône-Alpes). Yn 1789 ferskynde Wandelingen door Bourgogne. Tusken 1793 en 1796 skreaune se oan Historie van Mejuffrouw Cornelia Wildschut, of De gevolgen van de opvoeding, in roman yn 6 dielen. Troch jildlike krapte moasten se yn 1797 werom nei Hollân; sy wennen doe yn De Haach. Wolff stoar yn De Haach; in pear dagen letter ferstoar Deken ek. Beide froulju binne te hôf kaam op Ter Navolging yn Skeveningen.

  • 1763 - Bespiegelingen over het genoegen
  • 1765 - Bespiegelingen over den staat der rechtheid
  • 1765 - Eenzame nacht gedachten, over den slaap en den dood
  • 1769 - Walcheren
  • 1772 - De menuet en de dominees pruik
  • 1772 - De onveranderlyke Santhorstsche geloofsbelydenis
  • 1772 - Lier- veld- en mengel-zangen
  • 1774 - Aan mynen geest
  • 1776 - Brieven van Constantia Paulina Dortsma
  • 1778 - Beemster-winter-buitenleven
  • 1779 - Proeve over de opvoeding
  • 1780-1781 - Brieven over verscheiden onderwerpen
  • 1781 - Economische liedjes (tegearre mei Aagje Deken)
  • 1782 - De Historie van mejuffrouw Sara Burgerhart (mei Aagje Deken)
  • 1783 - Voorrede voor den tweeden druk (mei Aagje Deken)
  • 1784 - De Natuur is mijne zanggodin
  • 1784 - Fabelen
  • 1784-1785 - Historie van den heer Willem Leevend (mei Aagje Deken) (acht dielen)
  • 1785-1786 - Mengel-poëzy
  • 1787-1789 - Brieven van Abraham Blankaart
  • 1789 - Wandelingen door Bourgogne
  • 1793-1796 - Historie van mejuffrouw Cornelia Wildschut (mei Aagje Deken) (seis dielen)
  • 1802 - Geschrift eener bejaarde vrouw (twa dielen)
  • Sûnt 1950 is der in Museum Betje Wolff yn de eardere pastoary fan Middenbeemster, dêr't hja mei har man Adriaan Wolff wenne hat (1759-1777).
  • De brieveroman De Historie van mejuffrouw Sara Burgerhart jildt noch hieltyd as it bêst lêsbere boek út de Nederlânske literatuer fan de 18e iuw.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]