Basilikata
Basilikata | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Potenza |
Oerflakte | 9992 |
Befolking | 597.768 |
Befolkingstichtens | 60 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Serra Dolcedorme: 2267 meter |
Oantal gemeenten | 131 |
Provinsjes | Matera, Potenza |
Basilikata (ek wol Lûkaanje neamd) is in regio yn it suden fan Itaalje, oprjochte yn 1861. De regio grinzget oan Kampaanje yn it westen, Apûlje yn it easten en Kalaabrje yn it suden. It beskikt oer in koarte kuststripe mei de Tyrreenske See en mei de Golf fan Tarente (part fan de Ioanyske See) oan de súdeastkant.
Oer it algemien is de regio bercheftich, mei as heechste punt op de súdlike Apeninen, de Monte Pollino (2197 m). Monte Fulture, yn de noardwestlike hoeke, is in útdôve fulkaan (1310 m). Basilikata is nei it Falle d'Aosta de tinst befolke regio fan Itaalje.
Nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Basilikata is in regio dy't noch net echt ûntdekt is troch it toerisme. De meast nijsgjirrichste stêd om te besjen yn de regio is Matera mei har Sassy. Fierders beskikt it gebiet oer in protte karakteristike lytse plakjes krektas Pistissy, Melfy, Ferrandina en it ferlitten Krako. Tichtby de Ionyske kust, mei syn sânstrânen, leit it archeologyske park fan Metaponto mei ruïnes fan in Grykske timpel út de 7e iuw f.Kr.
Provinsjes en wichtige stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Provinsje | Ofkoarting | haadstêd | Wichtige plakken | |
Matera | MT |
Matera | Pistissy | |
Potenza | PZ |
Potenza | Melfy |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Regio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |