Springe nei ynhâld

Babyloanyske Ballingskip

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 mrt 2021 om 20.29 troch Drewes (oerlis | bydragen) (plaatsje)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Deportaasje fan de joaden út Jeruzalim. Ofbyld út de Kronyk fan Neurenberch (1493)

De Babyloanyske Ballingskip of Babyloanyske Finzenskip wie in perioade út 'e skiednis fan 'e Joaden, dy't de ynwenners fan it keninkryk Juda yn ballingskip yn Babyloanje trochbringe moasten. Neffens de Bibel wiene der trije ôfsûnderlike deportaasjes fan 'e Judeeërs nei Babyloanje: dy fan kening Jojakin syn hof en in smacht oar folk, yn 598 f.Kr., dy fan syn opfolger Sedekía, de lêste Judeeske kening, en it meastepart fan it folk dat noch oer wie, yn 586 f.Kr., en in trêde en definitive deportaasje fan alle efterbliuwers yn 581 f.Kr. As begjin fan 'e Ballingskip wurdt lykwols altiten 586 f.Kr. oanholden. Yn dat jier waard Jeruzalim, de haadstêd fan Juda, nei in opstân ynnommen troch Nebûkadnêzar II, de kening fan Babyloanje. Hy liet kening Sedekía de eagen útstekke en mei syn folk yn finzenskip fuortfiere; Juda waard dêrnei ta in Babyloanyske provinsje. De Ballingskip waard beëinige yn 538 f.Kr., nei de fal fan it Nijbabyloanyske Ryk en de fêstiging fan it Perzyske Ryk yn it stee dêrfan, doe't de Perzyske kening Syrus de Grutte de Joaden tastimming joech en kear werom nei harren heitelân. Dêr werbouden hja de Timpel en de stêd Jeruzalim. Sawol de Ballingskip as de fernijing fan stêd en timpel nei de weromkear wurde yn it hjoeddeiske joadendom noch altiten beskôge as krúsjale ûntwikkelings yn 'e skiednis fan 'e Joadske religy en kultuer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.