Springe nei ynhâld

Baai fan Manilla

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 aug 2021 om 12.59 troch Drewes (oerlis | bydragen) (tekst by filmke)

Berjocht:See

Strân oan de Baai fan Manilla filme troch in drone

De baai fan Manilla is in baai oan de westkant fan it Filipynske eilân Luzon. It is in natuerlike haven bewesten Metro Manilla, is 48 kilometer breed en hat in 19 kilometer brede tagong.

Yn de tagong ta de baai lizze inkelde eilannen. De grutste is Corregidor, dat op sa'n trije kilometer fan Bataan leit. Mei it eilân Caballo skiedet it eilân de yngong fan de baai yn in noardlik en in súdlik kanaal. Yn it súdlik kanaal leit noch El Fraile-eilân en krekt bûten de baai, oan de súdkant, leit Carabao. Op El Frailel hawwe de Amerikanen in fort set om de súdlike tagong ferdigenje te kinnen.

Yn 1898 wie hjir de Slach yn de Baai fan Manilla. Teffens wie op Corregidor de belegering fan de lêste Amerikaanske troepen troch de Japanners yn 1942.

It eilân Bataan