Asmara
Asmara ኣስመራ أسمرة | ||
Bestjoer | ||
Lân | Eritreä | |
Provinsje | Maekel | |
Boargemaster | Semere Russom | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 649.000↑ (2009) | |
Befolkingsticht. | 53.38/km2 | |
Hichte | 2.325 m. | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+3 |
Asmara is de haadstêd fan Eritreä. Mei in befolking fan likernôch 649.000 ynwenners (2009) is de stêd fierwei de grutste fan it lân. Asmara leit op in hichte fan 2400 meter. Tichtby de stêd leit it fleanfjild Asmara International Airport. In spoarline ferbynt de stêd mei de havenstêd Massawa.
Klean en tekstyl, bier, skuon en keramyk binne de wichtichste yndustriële produkten. Yn de stêd wurdt ek in protte fleis ferwurke.
Skiednis
Asmara wie in lyts doarp doe't it yn 1880 ta in regionaal bestjoersintrum fan Etioopje makke waard. Yn 1900 waard it troch de Italjaanske kolonialen haadstêd fan harren koloanje Eritreä. Op de ein fan de jierren tritich feroaren de Italjanen it oansjen fan de stêd enoarm. In protte nije gebouwen ferskynden dy't neffens plan boud waarden. Sadwaande krige Asmara de bynamme fan Piccola Roma ('lyts Rome').
Asmara jildt noch hieltyd as ien fan de kreaste stêden fan Afrika.
Religy
Asmara is de sit fan de patriarch fan Eritreesk-otterdokske Tsjerke. Oant 1998 wie de patriarch mar aartsbiskop fan dy tsjerke. Jannewaris 2015 stichte paus Franciscus de tsjerkeprovinsje Eritrea. It bisdom Asmara waard ferheft ta metropolitaan aartsbisdom Asmara. De biskop fan Asmara, Menghesteab Tesfamariam, waard dêrnei aartsbiskop.[1]
Berne yn Asmar
- Meb Keflezighi (5 maaie 1975), Amerikaansk hurdrinner
- Yared Asmerom (4 febrewaris 1980), maratonrinner.
-
Haadstrjitte fan Asmara
-
Stedhûs, út de jierren 1930
-
Katedraal fan Asmara
-
Benzinestasjon yn art decostyl út 1938
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Asmara fan Wikimedia Commons. |