Springe nei ynhâld

Anglikaanske Tsjerke

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 apr 2023 om 14.24 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Katedraal fan Canterbury

De Anglikaanske Tsjerke (fan it Middenlatynske anglicanus, ingels), offisjeel de Episkopaalske Tsjerke fan Ingelân, faak koartwei Tsjerke fan Ingelân (Church of England) neamd, waard berne út de missy fan Romeinske militêren en keaplju en wie yn it earstoan ferbûn mei de tsjerke fan Rome oant der yn 1534 in skisma troch Hindrik VIII feroarsake waard.

De Anglikaanske Tsjerke yn Nederlân hat sa'n 30.000 leden. Sa'n 10% fan de leauwigen giet alle wike nei't tsjerke. Yn de tolve anglikaanske tsjerken yn Nederlân komme alle wiken 2000 oant 3000 minsken byelkoar. John de Wit, foarganger fan de Holy Trinity Church yn Utert, is aartsdeken (archdeacon) fan de anglikanen yn Noard- en West-Europa. Ut namme fan de biskop foar it bisdom Europa, Geoffrey Rowell, is hy lieder fan de anglikanen yn de Benelux.

Justin Welby, Aartsbiskop fan Canterbury

De Tsjerke fan Ingelân hat sa'n 13,4 miljoen leden. It steatshaad is formeel ek haad fan de Anglikaanske Tsjerke.

Grutste ferskillen tusken de Roomsk Katolike Tsjerke en de Anglikaanske Tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It gesach fan de paus wurdt ôfwiisd en de kening of keninginne is it haad fan de Tsjerke fan Ingelân. De aartsbiskop fan Canterbury is de spirituele lieder fan de wrâldwide Anglikaanske Mienskip.
  • Anglikaanske prysters binne net bûn oan it selibaat. Froulju kinne ek pryster wurde.
  • De Anglikaanske Tsjerke hat mar twa sakraminten : de doop en de kommuny.
  • Anglikanen fersmite de Unbesmette Untfinzenis fan Maria. Der is gjin Mariaferearing. Leauwigen bidde allinne ta de Heit, de Soan en de Hillige Geast.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]