Mark Rutte
Mark Rutte | ||
Algemien | ||
Berne | 14 febrewaris 1967 | |
Berteplak | De Haach | |
Partij | VVD | |
Religy | Herfoarme | |
Titels | Drs. | |
Politike funksjes | ||
1988-1991 | Foarsitter JOVD | |
1993-1997 | Lid haadbestjoer VVD | |
2002-2004 | Steatssikretaris Sosjale Saken en Wurkgelegenheid | |
2003, 2006-2010, 2012, 2017, 2021-2022 | Lid Twadde Keamer | |
2004-2006 | Steatssikretaris Underwiis, Kultuer en Wittenskippen | |
2006-hjoed | Polityk lieder VVD | |
2006, 2010, 2012, 2017, 2021 | Listlûker | |
2006-2010, 2012, 2017, 2021-2022 | Fraksjefoarsitter Twadde Keamer | |
2010-hjoed | Minister fan Algemiene Saken | |
2010-hjoed | Minister-presidint |
Mark Rutte (De Haach, 14 febrewaris 1967) is in Nederlânsk politikus. Sûnt 14 oktober 2010 is hy minister-presidint fan Nederlân en minister fan Algemiene Saken. Op 26 oktober 2017 waard syn tredde kabinet, kabinet-Rutte III, beëdige en op 10 jannewaris 2022 syn fjirde kabinet, kabinet-Rutte IV. Hy is ek polityk lieder fan 'e Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD).
Nei in gymnasiumoplieding yn syn berteplak De Haach folge Rutte fan 1985 ôf oan 'e Universiteit fan Leien in skiednisstúdzje dy't er yn 1992 ôfmakke. Ek wie er fan 1988 oant 1991 foarsitter fan 'e JOVD. Nei syn stúdzje wurke Rutte tsien jier by Unilever op 'e ôfdieling meiwurkerssaken en siet er inkelde jierren yn it partijbestjoer fan 'e VVD.
Yn 2002 makke Rutte de oerstap fan it bedriuwslibben nei de lânlike polityk. Hy wie steatssikretaris fan Sosjale Saken en dêrnei fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip yn it earste en twadde kabinet-Balkenende. Tuskentroch wie er ek noch efkes Twadde Keamerlid.
By de ferkiezings yn 2017 it Rutte de VVD nei 33 sitten te lieden, in ferlies fan 8 sitten mar genôch om op 'e nij as winner de kabinetsformaasje yn te gean.
Keppeling om utens
- (ned) Drs. M. (Mark) Rutte, Parlement.com
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mark Rutte fan Wikimedia Commons. |