Kneppelfreed
Kneppelfreed is de beneaming fan in opskuor dy't op freed 16 novimber 1951 op it Saailân yn Ljouwert plakfûn. Dat barren hong nau gear mei de lytsachtsjende opstelling dy't alteast in diel fan 'e rjochterlike macht yn it Fryslân fan nei de Twadde Wrâldoarloch foar de Fryske taal oer oannaam. Yn 'e saken tsjin twa molktapers út Aldeboarn en in bistedokter fan De Lemmer waarden de beklagen, doe't dy oanjoegen har memmetaal sprekke te wollen, op in misledigjende wize behannele troch de rjochter. Yn reäksje skreaune Fedde Schurer en Tsjebbe de Jong skerp stelde stikken yn 'e regionale kranten, mei as gefolch dat sy sels foar de rjochter dage waarden foar kwealaster. In gearrin fan omstannichheden late op 'e dei dat harren saak foarkomme moast ta in grutte tarin fan folk yn 'e stêd, wêrby't de mannichte troch de dwersferkearde hâlding fan 'e plysje yn in lulke kliber feroare. It treffen dat dêrop folge, spile in wichtige rol yn 'e striid foar de emansipaasje fan 'e Fryske taal en late der úteinlik ta dat it Frysk yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status krige.
It Foarspul
De Molke-en-Sûpe-affêre
Yndirekt wie Kneppelfreed it gefolch fan in op himsels ferbjusterjend ûnbetsjuttende rjochtsaak, dy't op 20 oktober 1948 foar it kantongerjocht op it Hearrenfean tsjinne. Dêrby waarden twa molktapers út Aldeboarn, Wiebe van der Hoek en Jeen de Leeuw, oanklage om't se de wurden molke en sûpe op harren molkbussen skreaun hienen, ynstee fan it wetlik fereaske melk en karnemelk.
Nea hie dizze rjochtsaak safolle oandacht krigen as de rjochter, mr. S.R. Wolthers, de oanklagen net ferbean hie om yn 'e rjochtseal Frysk te sprekken en Van der Hoek net bespot hie doe't dy dat dochs die. Wolthers syn útspraak "U bent toch op school geweest? U spreekt toch Nederlands?" ("Jo hawwe dochs op skoalle west? Jo sprekke dochs Nederlânsk, net?") hie úteinlik mear gefolgen as syn fûnis, skuldich sûnder oplizzing fan straf.
Nei ôfrin fan dizze rjochtsaak fûn der in skerpe útwikseling fan stânpunten plak yn 'e Hearrenfeanster Koerier, tusken Wolthers, fia ynstjoerde brieven, en de grutte Fryske dichter Fedde Schurer, dy't doedestiden haadredakteur fan dy krante wie. Dit foarfal lei it fûnemint foar de twadde episoade yn it ferhaal, dy't in pear jier letter folge.
De Saak-Van der Burg
Op 17 oktober 1951 kaam der nammentlik inselde soarte saak foar by deselde Feanster rjochter. Diskear gie it om 'e Lemster bistedokter Sjirk Frânses van der Burg, dy't yn syn studintetiid in liedende posysje yn 'e Federaasje fan Fryske Studinteferienings ferfolle hie. De man wie oanholden doe't er oer in dyk ried dy't ôfsletten wie troch it wetterskip. Net dat er him ûnbewust wie fan dy ôfsluting, mar hy hie in gefal haastgefal, dat sadwaande. Uteinlik krige er in boete fan sân gûne, mar dêrmei wie de saak noch net dien. Want Van der Burg hie wegere om Nederlânsk te praten en Wolthers hie wegere om him te ferstean as er Frysk spriek.
Wolthers, dy 't al jierren yn Fryslân wenne en it Frysk skoan ferstean koe, oppenearre de miening dat in man fan 'e ûntwikkeling fan 'e beklage wol Nederlânsk prate moatte kinne soe. Van der Burg woe dêr neat fan witte, en fierde oan dat immen dy't yn Fryslân terjochte stie, syn eigen taal brûke meie moatte soe. Dêrop gie de rjochter derta oer en sko de sitting op, sadat er him derop beriede koe oft der in tolk oproppen wurde moast. De beklage waard oplein te wachtsjen oant dat berie plakfûn hie en dêrnei wer op 'e rjochtsitting te ferskinen.
Doe't de sitting wer iepene waard, krige de beklage te hearren dat der gjin tolk komme koe –eat dat de rjochter yn 't foar ek wol witte kinnen hie. De rjochter moast it doe duldzje dat de beklage Frysk spriek. Mar ûnderwilens liet er Van der Burg noch al witte: "Officieel versta ik u niet." ("Offisjeel kin ik jo net ferstean.") Dat betsjutte dat Van der Burg yn 'e rjochtseal Frysk prate koe safolle as er woe, mar dat wat er sei dan net opnommen wurde soe yn it ferslach en dat der ek gjin rekken mei holden wurde soe by it fêststellen fan it fûnis.
Reäksjes op 'e Saak-Van der Burg
Twa dagen letter, op 19 oktober 1951, skreau Fedde Schurer, dy't de Saak-Van der Burg persoanlik bywenne hie, in tige skerp haadartikel yn 'e Hearrenfeanster Koerier, dêr't er rjochter Wolthers syn "lytsbernich, misledigjend en narjend hâlden en dragen" yn feroardiele. De bekendste passaazje út dat artikel is lykwols dy wêryn't er Wolthers en syn lyksinnige kollega's ferliket mei de Swarte Heap, de binde moardzjende en plonderjende Saksyske hierlingen dêr't Fryslân yn Grutte Pier syn tiid sa fan te lijen hie. Schurer syn artikel hie dan ek as titel: De laatste man van de Zwarte Hoop ("De Lêste man fan de Swarte Heap").
Ut dat artikel de folgjende passaazjes:
De beantwoording van de vraag, waarom de heer Wolthers zo mateloos geïrriteerd wordt bij het horen van de taal van het volk waarover hij zo lang rechtsprak, ligt meer op des psychiaters weg dan op de onze. Maar het feit, dat hij deze geïrriteerdheid in de openbare uitoefening van zijn functie zo slecht weet te verbergen, is een feit dat ons allen raakt. Morgen kunnen ook wij voor de rechterstoel staan. [...] Dit kinderachtige, beledigende en treiterende optreden tegenover een representatieve figuur als de heer Van der Burg is een openlijke provocatie voor het Friese volk in het algemeen en voor zijn georganiseerde studerende jeugd in het bijzonder. De heer Wolthers, die officieel geen kind meer is, moet zich deze dingen wel bewust zijn. [...] In de Middeleeuwen is Friesland geplaagd door een Saksische Bende, die de Zwarte Hoop werd genoemd. Mr. Wolthers schijnt het er op gezet te hebben, deze naam voor zich en zijn gelijkgezinde collega's te reserveren.
- ("It beäntwurdzjen fan 'e fraach, wêrom't de hear Wolthers sa oermjitte yrritearre rekket by it hearren fan 'e taal fan it folk dêr't er sa lang rjocht oer sprutsen hat, leit mear op it paad fan 'e psychiater as op uzes. Mar it feit, dat er dy yrritaasje by de iepenbiere útoefening fan syn funksje sa min ferbergje kin, is in feit dat ús allegear oangiet. Moarn kinne wy ek foar de rjochtersstoel stean. [...] Sa'n lytsbernige, misledigjende en narjende hâlden en dragen foar in represintatyf figuer as de hear Van der Burg oer is in iepentlike provokaasje foar it Fryske folk yn it algemien en foar syn organisearre studearjende jongerein yn 't bysûnder. De hear Wolthers, dy't offisjeel gjin bern mear is, moat him wol fan dy dingen bewust wêze. [...] Yn 'e Midsiuwen is Fryslân pleage wurden troch in Saksyske Binde, dy't de Swarte Heap neamd waard. Mr. Wolthers liket wisberet te wêzen en reservearje dy namme foar himsels en syn lyksinnige kollega's.")
In pear wike letter skreau de kollemnist Tsjebbe de Jong in sels noch útsprutsener stik yn it Boalserter Nijsblêd:
Dit is wol in tryst stikje treiterij. [...] Hwat yn 'e goedichheit kin sa'n man biwege om sa dom, sa provocerend en sa maniakael op to treden? Kin soks jit ûnder normale situaties rekkene wurde of is it wurd oan de psychiator? [...] As men soks meimakket, moat men jin bihearskje om sa'n man net mei in kneppel op syn baitsje to jaen.
Foar it Iepenbier Ministearje wiene dizze krante-artikels reden om sawol Schurer as De Jong oan te kleien foar kwealaster.
Kneppelfreed
De rjochtsaak
De rjochtsaak tsjin 'e beide sjoernalisten fûn plak op freed 16 novimber 1951 yn it Paleis fan Justysje te Ljouwert, foar de plysjerjochter, mr. Tj. Taconis "wegens belediging van een rechterlijke ambtenaar in de uitoefening van zijn functie" ("om mislediging fan in rjochterlik amtner yn 'e útoefening fan syn funksje"). De ofsier fan justysje wie mr. H.H. Kuipers, de ferdigener mr. D. Okma en de tsjûge-saakkundige haadredakteur Pieter Wybenga fan it Frysk Deiblêd. As in iroanyske noat fan dizze rjochtsitting mei wol jilde dat der ek no Frysk praat waard en dat soks yn Ljouwert gjin inkelde swierrichheid opsmiet, útsein dat Wijbenga de eed net yn it Frysk ôflizze mocht.
De ofsier fan justysje achte it mei sin misledigjen fan Wolthers troch Fedde Schurer bewiisd. Mr. Okma, de ferdigener, wie fan betinken dat it net de bedoeling fan Schurer west hie om Wolthers persoanlik te misledigjen, mar dat it artikel sjoen wurde moast as in ynmoedige ferdigening fan it Frysk. Fedde Schurer sels sei yn syn lêste wurd, dat hy syn plicht dien hie foar God en syn lân troch op te kommen tsjin it geweld dat Fryslân oandien waard:
"Ik moat it rjocht hawwe, nou en yn 'e takomst, om as myn folk yn syn eare en syn bistean taest wurdt, fûl fan my to slaen mei it wapen, dat my net om 'e nocht tabitroud is: it wurd. Moat ik dêrfoar straft wurde neffens in noarm, dy't net myn folk, mar wol syn oanranners biskermet, dan sil it dragen fan dy straf my greater eare wêze as hokker priis. Dan bin ik solidair mei myn meifortochte Tsjebbe de Jong en mei alle striders foar Fryslân fan earder en letter tiid. Sa wier helpe my God Almachtich."
Yn syn autobiografy, De Bisleine Spegel, beskreau Schurer de reäksje fan 'e rjochter op dit pleit sa: " 'Heeft niets met de zaak te maken,' sei mr. Taconis en naam in dropke." De eare fan it dragen fan 'e straf waard Schurer dan ek net ûntholden. Hy waard feroardiele ta in finzenisstraf fan fjirtjin dagen op betingst mei in proeftiid fan trije jier. Nei't er yn berop gien wie, waard syn straf op 18 maart 1952 werombrocht ta de oarspronklike eask fan 150 gûne boete.
Wat de saak tsjin Tsjebbe de Jong oangiet: mr. Okma fierde ta syn ferdigening oan dat er syn artikel halje-trawalje skreaun hie. De ofsier fan justysje kompinsearre de swierdere mislediging fan Wolthers mei de lytsere oplaach fan it Boalserter Nijsblêd en easke deselde straf. De Jong krige úteinlik sân dagen op betingst mei in proeftiid fan trije jier, sadat er, neffens de rjochter, net wer wat halje-trawalje skriuwe soe.
De opskuor
Underwilens wie op it Saailân, foar it gerjochtsgebou, in grutte kliber folk gearkommen. Yn 't earstoan hiene der allinne mar guon Fryske skriuwers west, dy't harren solidariteit mei Fedde Schurer útdrukke woene, en fierders wat oanhingers fan 'e Fryske Beweging, in stikmannich studinten en de sjoernalisten fan 'e Frysktalige parse (Frysk en Frij, It Heitelân, De Stim fan Fryslân, De Stiennen Man, ensfh.) dy't der net yn litten wiene om't der te min romte wie. De saak waard nammentlik holden yn 'e lytse seal, dêr't amper romte wie foar tweintich taskôgers, om't – sa hiet it yn 'e offisjele ferklearring – de ferwaarming fan 'e grutte seal te djoer wie.
Mar hoe't dat ek west ha mei, freed wie merkdei yn Ljouwert en teffens waard dan de feemerk holden, dat al gau woeks it groepke lju oan ta in grutte mannichte, wêrfan't it meastepart eins hielendal net foar de rjochtsaak nei Ljouwert kommen wie. Doe't de plysje de lju wat weromkrong, ûntstie der eefkes in lyts opstjitsje, mar fuort letter wie it wer rêstich. Om healwei fiven hinne kaam lykwols de skriuwer Eeltsje Boates Folkertsma bûtendoar om 'e wachtsjenden te fertellen hoe't it mei de rjochtsaak tsjin Schurer beteard wie, wylst alle oaren binnen bleaune foar de saak tsjin De Jong. Om Folkertsma hinne ûntstie doe fansels oprin, wat troch de plysje ynterpretearre waard as nije rebûlje.
Der waarden helptroepen optrommele en de brânwacht kaam mei brânspuiten. De lju op it Saailân fielden har bedrige, begûnen de plysje mei fruit te bekûgeljen en besochten de brânslangen troch te snijen. Doe ferlear de plysje eltse selsbehearsking en sloech sûnder ûnderskie te meitsjen mei de wapenstôk op 'e fuortspattende minsken yn, wylst ek tafallige foarbygongers net sparre waarden. In grut tal minsken waard dy deis rekke troch wetter of kneppel, en guon, lykas Pieter Wijbenga, de haadredakteur fan it Frysk Deiblêd, en Kees Sikkink, in sjoernalist fan De Volkskrant, waarden sels slim yninoarslein troch de plysje. Dit barren gie de skiednis yn as "Kneppelfreed" – in beneaming dy't Schurer, neffens Douwe Tamminga en Jo Smit, sels betocht hat – en is efterôf sjoen ien fan 'e wichtichste foarfallen yn 'e skiednis fan 'e emansipaasje fan 'e Fryske taal.
Neispul
Kneppelfreed sloech yn Fryslân yn as in bom, sawol by it folk as ek yn de media en polityk. De provinsjale parse kaam de plysje en rjochterlike macht tenei mei in stoartfloed oan krityk en lulkens. Al daliks de sneins derop waarden yn guon tsjerken preken holden oer Kneppelfreed. En persiis in wike letter organisearre de Ried fan de Fryske Beweging in protestgearkomste, dy't twaris op deselde jûns holden wurde moast fanwegen de oerweldigjende belangstelling, en sels doe moasten der noch fjouwerhûndert minsken teloarsteld wurde. Yn De Bisleine Spegel fertelt Schurer fan in kunde fan him dy't er op dy gearkomste trof, in boerke út 'e Legeaën: " 'Kom Sânstra,' sei ik yn it skoft tsjin him, 'jo hjir ek?' 'Ja, myn jonge,' sei Sânstra, 'en ik haw it blafferke meinommen.' En hy helle in grouwe browning heal út 'e bûse. 'Soks komt my ien kear oer, mar gjin twa kear.' "
Underwilens ferskynden der yn 'e Nederlânske parse alarmearjende artikels oer de mooglike radikalisearring fan 'e Fryske Beweging. En ek yn 'e Twadde Keamer kaam Kneppelfreed oan 'e oarder. Dêre beklagen guon parlemintsleden, lykas de ynfloedrike Fries Pieter Sjoerds Gerbrandy (ARP) en de Hollanner Johan Scheps (PvdA), harren bitter oer de gong fan saken. Tsjin dy tiid waarden yn Ljouwert by de kommissaris fan plysje Anno Houwing en guon leden fan 'e rjochterlike macht de ruten yngoaid.
Yn panyk rekke by de gedachte oan in Fryske ôfskiedingsbeweging, stjoerde it regear yn De Haach daliks net minder as trije ministers twa dagen lang op ferkenning nei Fryslân, wat noch nea earder foarkommen wie. Nei jierren fan tarieding en debatten late dit yn 'e jierren 1955 en 1956 allegearre ta de ynfiering fan nije wetjouwing oangeande it Frysk. Dêrby krige it Frysk offisjeel de status fan twadde rykstaal (wat fan Nederlân trouwens net in twatalich lân lykas Kanada makke). Fierders krigen Friezen it rjocht om yn Fryslân harren eigen taal yn 'e rjochtseal te sprekken en om wêr dan ek yn Nederlân de eed yn it Frysk ôf te lizzen. Wat it ûnderwiis oanbelange, krige it Frysk op 'e legere skoallen, dêr't it al sûnt 1937 as ekstra fak tastien wie, no einlik de status fan folweardich skoalfak.
Betsjutting fan Kneppelfreed
De betsjutting fan Kneppelfreed foar it Frysk en Fryslân moat noch oerdreaun, noch ûnderskat wurde. Dit stiet fêst: de problematyk oangeande it Frysk helle einlik de lanlike parse. En wat noch mear seit, der kaam yn juridyske blêden in diskusje op gong. Sa krige ek it regear yn De Haach op 't langelêst yn 'e rekken dat der yn Fryslân wat te rêden wie.
"Kneppeljen nei Keppeljen"
Yn 2011 wie it 60 jier nei Kneppelfreed. De Ried fan de Fryske Beweging griep dat gegeven oan om sechtich dagen lang feest te fieren. Dat barren krige de namme fan Kneppeljen nei Keppeljen. De Ried woe boppedat de betinking fan Kneppelfreed yn in breder mondiaal ramt sette: hoe sil it mei de rykdom oan talen yn ’e wrâld komme? Moatte wy, wrâldboargers, it útstjerren fan dy talerykdom gewurde litte, of ûndernimme we der wat tsjin?
Keppeling om utens
- Offisjele webside oer Kneppelfreed
- Offisjele webside oer de betinking fan Kneppeljen nei Keppeljen
- Kneppelfreed yn 'e kanon fan 'e Fryske skiednis
- Kneppelfreed by de VPRO
- Argyf fan 'e Ljouwerter Krante
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|