47 Meters Down: Uncaged
47 Meters Down: Uncaged | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Johannes Roberts | |
produsint | James Harris Mark Lane Robert Jones | |
senario | Johannes Roberts Ernest Riera | |
kamerarezjy | Mark Silk | |
muzyk | Tomandandy | |
filmstudio | The Fyzz Facility Entertainment Studios | |
distribúsje | Entertainment Studios (Noard-Am.) Altitude Film Distribution (Fer. Ken.) | |
spilers | ||
haadrollen | Sophie Nélisse Corinne Foxx Brianne Tju | |
byrollen | Sistine Stallone John Corbett Nia Long Brec Bassinger | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() ![]() | |
premiêre | 16 augustus 2019 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | horrorfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 90 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $12 miljoen | |
opbringst | $47,6 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | 47 Meters Down | |
● foarich diel | 47 Meters Down |
47 Meters Down: Uncaged is in Amerikaansk-Britske horrorfilm út 2019 ûnder rezjy fan Johannes Roberts, mei yn 'e haadrollen Sophie Nélisse, Corinne Foxx en Brianne Tju. De titel betsjut "47 Meter Omleech: Sûnder Koai" (ferwizend nei koaidûken mei haaien). It ferhaal folget fjouwer fammen dy't op it Jûkatanskiereilân yn Meksiko te dûken geane yn 'e ûnder wetter strûpte ruïnes fan in Maya-stêd. It docht bliken dat dêr minskeslinende wite haaien libje, en de fammen komme mei opreitsjende soerstof fêst te sitten yn it dwaalhôf fan tunnels wylst se wanhopich besykje te ûntkommen. 47 Meters Down: Uncaged is in op himsels steand ferfolch op 'e súksesfolle horrorfilm 47 Meters Down út 2017. De film krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar yn 'e bioskopen wie 47 Meters Down: Uncaged in beskieden kommersjeel súkses.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gearstalde gesin fan 'e blanke Amerikaanske argeolooch Grant en syn Afro-Amerikaanske frou Jennifer is inkele moannen lyn nei it Jûkatanskiereilân yn súdlik Meksiko ferfearn. Grant docht dêr ûndersyk nei in nij ûntdutsen ruïne op 'e boaiem fan in cenote, in reuseftich sinkgat yn 'e kalkstiennene ûndergrûn, dat fol wetter sit en yn ferbining stiet mei see. It is de ruïne fan in stêd dy't yn 'e sechstjinde of de santjinde iuw troch de Maya's ûndergrûnsk boud is om oan 'e Spaanske conquistadores te ûntkommen. Troch de stiging fan 'e seespegel is de stêd der op in stuit ûnder strûpt.
Mia, de dochter fan Grant út in eardere relaasje, kin net goed mei Sasha, de dochter fan Jennifer, hoewol't se likernôch fan deselde leeftyd binne. De fammen sitte op in skoalle dêr't Sasha al freonskip sletten hat mei Alexa en Nicole. Mia falt lykwols bûten de boat en wurdt allegeduerigen narre troch de populêre Catherine en har klyk. Nettsjinsteande it krewearjen fan Grant en Jennifer om 'e beide fammen byinoar te krijen, hâlde Mia en Sasha fol dat se gjin susters binne.
Grant hie ûnthjitten om dit wykein tiid mei syn gesin troch te bringen, mar de ûntdekking fan in ôfsletten, hiel nij diel fan 'e fersonken stêd hat him ektra wurk jûn om't moandei daliks oare argeologen delkomme sille om 'e boel te besichtigjen. Hy hat yn it nije diel fan 'e stêd de tosk fan in wite haai fûn, hoewol't it dreech te ferklearjen is hoe't dy dêr bedarre is. Grant oppenearret dat miskien in seehûn de tunnel nei de cenote yn flechte is en dat in haai syn proai fan 'e see ôf efterfolge is. Hoe dan ek, hy jout de tosk oan Mia, dy't as jong bern in protte oan djipseedûken dien hat en dêrom aardichheid hat oan sok spul.
Om it goed te meitsjen dat er fan 't wykein wurkje moat (en om fannijs te besykjen en keppelje Mia en Sasha oaninoar) hat Grant in boattocht foar de beide fammen boekt op in toeristeboat dy't de see op giet om wite haaien te besjen nei't se lokke binne troch 'chumming' (it yn it wetter smiten fan bloed en fiskôffal). Sasha is dêr net bliid mei om't se plannen hie om mei Alexa en Nicole út te swimmen te gean, mar it wurdt har troch har mem dúdlik makke dat wegerjen gjin opsje is. Nei't Grant de beide fammen yn 'e haven ôfset hat, docht lykwols bliken dat ek Catherine en har freondinnen mei deselde boattocht mei sille. Dat ûntnimt foar Mia alle wille oan it barren. Wannear't Alexa en Nicole yn in Jeep delkomme om Sasha op te pikken foar harren swimtripke, is it sadwaande foar Sasha net dreech om Mia te bepraten ek mei te gean.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Alexa nimt de oare fammen mei nei de cenote dy't tagong jout ta de fersonken stêd. It docht bliken dat se ferkearing hat mei Ben, ien fan Grant syn beide jonge assistinten, dy't har it paad nei de cenote (dwers troch it oerwâld) sjen litten hat. Yn it sinkgat swimme de fammen en hawwe se in protte wille. Wannear't se letter útrêste, fertelt Alexa dat Ben har meinommen hat troch de ûndergrûnske gong nei de earste romte fan 'e fersonken stêd om har it begjin fan 'e ymposante Maya-ruïnes mei stânbylden en bekurven stiennen sjen te litten. Nicole en Sasha wolle dat ek wol sjen, en om't Grant-en-dy by de cenote bodysuits, dûkbrillen, soerstofflessen en oar dûkgereid opslein hawwe, is dat ek mooglik. Mia is bang dat se trappearre wurde sille troch har heit, mar Sasha wiist derop dat dy oan 'e fierste kant fan 'e stêd dwaande is, sadat er der neat fan merke sil. Mia lit har beprate en de fjouwer fammen dûke de cenote yn.
Alexa liedt de oaren troch in nauwe tunnel nei de earste romte, dy't, sa't se al foarsein hie, tige ymposant is. De fammen sjogge harren eagen út, mar Nicole mient dat se wat bewegen sjocht yn 'e skaden dy't net beljochte wurde troch de lampen dy't Grant opsteld hat. It blykt in bline grotfisk te wêzen dy't him earne foar liket te ferskûljen. De fammen bewûnderje it bist, mar as de ympulsive Nicole de fisk oanreitsje wol, hapt er nei har. Hja skrikt, wykt tebek, stjit in stiennen pylder om en feroarsaket dêrmei in keatlingreäksje fan ynstoartings dy't gâns slib opwaaierje lit. It sicht rint tebek ta frijwol neat, en yn 'e gaos reitsje de famkes byinoar wei.
Mia swimt in skoftke allinnich om oant se Alexa werom fynt. De beide fammen treffe Ben, dy't út it nij ûntdutsen diel fan 'e stêd kommen is om wat op te heljen. Hy stelt harren gerêst, mei't er in gidsline lein hat. Hy wol harren nei Sasha en Nicole bringe om dan it tou werom te folgjen nei Grant en dy syn oare assistint Carl, mar ûnferhoeds ferskynt in wite haai dy't him foar de eagen fan 'e beide fammen grypt en ferslynt. Mia en Alexa flechtsje yn panyk fuort en fine by tafal Sasha en Nicole werom, dy't de tunnel nei de cenote fûn hawwe. Mei de haai op 'e hakken flechtsje se fjouweresom de tunnel yn, dy't te lyts is foar harren efterfolger. Mei syn gebûts en gewrot om yn 'e tunnel te kommen soarget de haai der lykwols foar dat de fierste útein ynstoart ear't de fammen it iepen wetter fan 'e cenote berikke kinne.
Ofsletten fan 'e wei werom sit der foar de fammen neat oars op as om werom te gean nei de earste romte en in oare útwei út 'e stêd te sykjen. Ofwachtsje kinne se net, want se hawwe mar in beheinde soerstoffoarrie. Se berikke de earste romte wer, dêr't de haai ûnderwilens by de tunnelyngong wei swommen is. Se sykje de gidsline dy't Ben by de oanfal falle litten hat en fine dy yndied werom. Se folgje de line troch in oare tunnel oant se ûntdekke dat it tou trochsnien is, nei alle gedachten troch in skerpe haaietosk. In konfrontaasje mei in haai twingt de fammen om djipper de ruïnes yn te gean fia in oare tunnel, dy't dea liket te rinnen. Se fine der lykwols tsjin it plafon oan in luchtsek, dêr't se sykhelje kinne sûnder de soerstof út harren foarrieden op te brûken.
Mia, dy't de bêste dûker fan it kwartet is, giet op eigen manneboet op ûndersyk út en ûntdekt in tige nauwe trochgong. Dy jout tagong ta de romte dêr't har heit en Carl oan it wurk binne. It docht bliken dat dêr ek al haaien binne, want Mia fynt de ôfbiten holle fan Carl werom. As se yn panyk omknoffelet, treft har heit Grant har oan. Heit en dochter wurde sels ek op in hier nei ferslynt troch in haai, mar hja wurde rêden troch de oare trije fammen, dy't op ûndersyk útgien binne nei't se it radiokontakt mei Mia ferlern wiene. Se beseffe dat de wite haaien yn 'e ruïnes blyn binne, mei't se, krekt as de grotfisk, yn 'e ljochtleaze omstannichheden fan 'e tunnels harren gesichtsfermogen ferlern hawwe. It slagget de oaren eltse kear om 'e haaien ôf te lieden mei lûden wannear't se in lid fan 'e groep tenei driigje te kommen.
Grant liedt de fjouwer fammen nei de cenote dy't tagong jout ta it nij ûntdutsen diel fan 'e fersonken stêd, dêr't se harsels oan in tou omheech wurkje moatte om't de steile rânen ûnbeklimber binne. Alexa giet as earste, mar wannear't bliken docht dat de haaien harren út 'e ruïnes wei nei de cenote folge binne, rekket Nicole yn panyk. Se grypt it tou fêst en besiket oer Alexa hinne te klimmen. Dêr is de ferankering fan it tou net op berekkene, dat dy sjit los. Fan gefolgen falt Alexa mei tou en al wer yn it wetter. Nicole besiket de râne fan 'e cenote te beklimmen, mar in stien dêr't se har oan oplûkt, komt los en se falt fan grutte hichte djip yn it wetter, dêr't se troch twa haaien grypt en midstwa skuord wurdt.
Sûnder it tou bestiet der gjin mooglikheid om út 'e cenote te klimmen, dat Grant leit oan 'e oerbleaune trije fammen út dat se nei de boaiem fan 'e cenote dûke moatte, dêr't in oare ûndergrûnske gong ûnder de fersonken stêd troch tagong jout ta de see. Ear't er harren dêrhinne liede kin, wurdt Grant lykwols ferslynd troch in haai. Sasha en Alexa dûke mei de feralterearre Mia nei de boaiem fan 'e cenote, wylst se efterfolge wurde troch de haaien. Krekt foar't se de boaiem berikke, wike de haaien lykwols tebek. Fuort dêrnei merke de fammen wêrom: der stiet in sterke streaming, dy't Sasha fan 'e oaren skiedt en fuortspielt. Alexa en Mia krûpe by de râne fan 'e cenote lâns nei in tunnelyngong oan 'e fierste kant dy't, sa hoopje se, nei see liede sil. Alexa berikt de tunnel it earst, mar dêr wurdt se opwachte troch in haai dy't har mei de bek by har soerstofflesse fêstgrypt. Mia wykt fan skrik tebek en wurdt fuortspield troch de streaming. Alexa ûntsnapt oan in bluodderige dea troch har soerstofflesse en soerstofmasker ôf te dwaan, mar dêrtroch ferdrinkt se ynstee.
Mia wurdt troch de streaming ûnderwilens alle kanten úttommele, oant in hân har by de earm grypt en út 'e sterke streaming lûkt. It is de deawaande Sasha, dy't har eigen fuortspielen troch de streaming oerlibbe hat. De beide fammen berikke in grot dy't tagong jout ta de iepen see fan 'e Golf fan Meksiko, mar de útgong fan 'e grot is in nauwe spjalt dêr't se inkeld troch kinne as se harren soerstofflessen efterlitte. Se berikke de see, dêr't se in boat farren sjogge. Se begjinne te swaaien en te balten om oandacht te lûken, en as dat gjin fertuten docht, swimme se op 'e boat ta. Healwei merke se ta harren ôfgriis dat se yn bluodderich wetter omswimme: it docht bliken dat it giet om deseldichste toeristeboat dêr't se op fuort soene om wite haaien te sjen, en de bemanning is úteinset mei it oerboard smiten fan bloed en fiskôffal om haaien te lokjen.
As se deunby de boat binne, wurde de beide swimsters einlings en te'n lêsten waarnommen troch Catherine en de oare toeristen. Ear't se lykwols út it wetter helle wurde kinne, wurdt Sasha grepen troch in haai (dy't har nuveraardige foarsichtich yn 'e bek fêsthâldt, mar net trochbyt). Mia, dy't de boat berikt hat, grypt dêr in sinjaalpistoal, springt wer yn see en sjit ûnder wetter in fjoerkûgel op 'e haai ôf dy't mei Sasha yn 'e bek omswimt. It bist wurdt rekke op 'e noas en skrikt dêr sa fan dat er Sasha loslit. De beide fammen swimmen wer nei de boat ta en Sasha wurdt dêr oan board hyst, mar diskear wurdt Mia grypt troch in haai (dy't ek net trochbyt). Se hellet de haaietosk dy't se fan har heit krigen hat út 'e bûse fan har wetsuit en stekt de haai dêrmei yn it each, dat er har gean lit. Se swimt wer nei de boat en wurdt diskear troch de toeristen út it wetter skuord. Oan board krije de beide fammen, dy't wier susters wurden binne, fan 'e bemanning earste help foar harren wûnen, wylst pestkop Catherine tasjocht, skokt troch de moed en krigelens fan Mia.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Mia | Sophie Nélisse |
Sasha | Corinne Foxx |
Alexa | Brianne Tju |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Nicole | Sistine Stallone |
Grant | John Corbett |
Jennifer | Nia Long |
Catherine | Brec Bassinger |
Ben | Davi Santos |
Carl | Khylin Rhambo |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De produksje fan 47 Meters Down: Uncaged waard yn septimber 2017 oankundige, nei't de foargeande film 47 Meters Down in súkses wurden wie. 47 Meters Down: Uncaged waard (krekt as syn foargonger) regissearre troch Johannes Roberts nei in senario dat skreaun wie troch himsels en Ernest Riera. De oarspronklike titel wie 47 Meters Down: The Next Chapter, mar yn desimber 2018 waard keazen foar de hjoeddeistige namme. As produsinten wiene James Harris, Mark Lane en Robert Jones by it projekt belutsen foar de filmstudio's The Fyzz Facility en Entertainment Studios. De film wie in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar 47 Meters Down: Uncaged wie in budget beskikber fan $12 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mark Silk, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Tomandandy.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar 47 Meters Down: Uncaged setten yn desimber 2018 útein en duorren oant yn febrewaris 2019. Der waard filme yn 'e Pinewood Indomina Studio yn 'e Dominikaanske Republyk, mar ek yn 'e Underwater Studio yn it Ingelske Basildon en yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan 47 Meters Down: Uncaged waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Entertainment Studios en yn it Feriene Keninkryk troch Altitude Film Distribution. De film gie op 16 augustus 2019 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Yn it Feriene Keninkryk waard de film op 3 febrewaris 2020 direkt-op-fideo útbrocht. Yn û.m. Yndoneezje, Súd-Koreä, Portegal, Singapoer, Yndia, Sily, Perû, Dútslân en Brazylje kaam 47 Meters Down: Uncaged wol yn 'e bioskoop. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn augustus 2019 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Fan april 2020 ôf wie 47 Meters Down: Uncaged ek fia streamingtsjinst Netflix te sjen.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige 47 Meters Down: Uncaged oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 88 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "47 Meters Down: Uncaged is faaks net sa ûnmeilydsume effisjint as syn mei finnen tariste antagonisten, mar foar fans fan films oer gefaar fan haaien sit der nei alle gedachten krekt genôch bloed yn it wetter." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet 47 Meters Down: Uncaged in goedkarringspersintaazje fan 43%, basearre op 17 resinsjes. Bioskoopgongers dy't oer harren ûnderfinings befrege waarden troch CinemaScore, joegen de film in 7 op in skaal fan 1 oant 10.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]47 Meters Down: Uncaged brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $22,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $25,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $47,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $12 miljoen betsjut dat in winst fan $35,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan 47 Meters Down: Uncaged
- (in) Ynformaasje oer 47 Meters Down: Uncaged yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske horrorfilm
- See-aventoerefilm
- Britske horrorfilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Entertainment Studios
- Film fan Johannes Roberts
- Film út 2019
- Film oer haaien
- Film oer susters
- Film oer heiten en dochters
- Film oer famyljerelaasjes
- Film oer narjen
- Film oer djipseedûken
- Film oer in archeolooch
- Film mei in Meksikaansk tema