1e Pânserdifyzje (Wehrmacht)

Ut Wikipedy
1ste Pânserdifyzje
Oprjochte 15 oktober 1935
Opheft 8 maaie 1945
Lân Nazy-Dútslân
Striidkrêften Wehrmacht
Part fan Heer
Type Pânserdifyzje
Garnizoen Weimar
Fjildslaggen Twadde Wrâldkriich

De 1e Pânserdifyzje wie in difyzje fan de Dútske Wehrmacht ûnder de Twadde Wrâldkriich.

De difyzje wie ien fan de oarspronklike trije tankdifyzjes dy't troch Dútslân yn 1935 oprjochte waarden. Hja wie belutsen by de foaroarlochske besettings fan Eastenryk en Tsjechoslowakije, en ek by de ynvaazjes fan Poalen yn 1939 en Belgje en Frankryk yn 1940. Fan 1941 oant 1945, mei útsûndering fan 1943, wie de difyzje aktyf oan it Eastfront. Oan de ein fan de kriich jûch hja har yn Beieren oer oan de Amerikanen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 1e Pânserdifyzje ûntstie oktober 1935 út de 3e Kavalerydifyzje fan de Reichswehr, stipe troch in pânserbrigade mei twa rezjiminten, in motorisearre ynfanterybrigade, in ûnderhâldsôfdieling, in artilleryrezjimint en noch inkelde oare ienheden. Doe't de kriich begûn wie hy ien fan de seis pânserdifyzjes dy't op dat stuit ynset waarden.

1939-1940[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 1e Pânserdifyzje begûn 1939 tegearre mei de 4e Pânserdifyzje oan de Poalske fjildtocht yn de rjochting fan Warsjau. Tusken 16 en 20 septimber waard in Poalske tsjinoanfal by Kutno ôfslein.

Yn maaie 1940 waard de difyzje nei it westfront stjoerd foar de Slach om Frankryk, dêr't op 16 maaie by Sedan in trochbraak forsearre waard. Letter dy moanne stie hy tsjinoer de Britske Ekspedysjemacht, mar krige 15 kilometer foar Dúntsjerk it befel om net troch te setten. Nei de ynset yn it noarden fan Frankryk waard de difyzje nei it westen ta stjoerd om dêr de bliuwende wjerstân te stopjen. Op 12 juny waard yn de rjochting fan Belfort op 'e nij in trochbraak forsearre. Dêrnei sette hja troch nei it suden ta, oant Frankryk op 22 juny kapitulearre.

Nei de operaasjes yn it westen moast de difyzje har Pânserrezjimint 2 ôfstean oan de 16e Pânserdifyzje. Ta kompensaasje behold de difyzje wol har Schützenrezjimint 113.

1941-1943[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de oanfal op de Sovjet-Uny makke de difyzje diel út fan de Pânsersgroep 4 by de Heeresgruppe Nord. Fia Estlân waard 14 july de rivier de Lûga berikt, dêr't hja trije wike bleau sadat it front yn posysje brocht wurde koe. Doe't de Wehrmacht it Ladogamar berikt hie, gong de difyzje fierder yn de rjochting fan it sintrum fan Leningrad, dêr't hja 8 septimber oankaam. Tsien dagen letter moast de difyzje har lykwols alwer weromlûke, om't de operaasje tsjin it Ladogamar fêstrûn wie.

Yn oktober waard de pânserdifyzje ynset foar de Slach om Moskou en ûnder oanfiering fan de Pânsergroep 3 steld. Ein novimber wie hja noch mar sa'n 20 kilometer foar Moskou, mar slagge der net yn de stêd te berikken. Doe't 6 desimber de tsjinoanfal fan de Sovjet-Uny begûn, krige de difyzje twa moanne lang te krijen mei swiere ferdigeningsslagen. Stadichoan moast hja har hieltyd fierder weromlûke, oant hja jannewaris 1943 út Rzjev wei nei Frankryk ta ferpleatst waard.

1943-1945[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Juny 1943 waard de difyzje ynset foar it ferdigenjen fan de kust fan Grikelân, en letter yn novimber yn Oekraïne om diel te nimmen oan it ferdigenjen fan Kiëv. De difyzje fjochte yn de maitiid fan 1944 tsjin it Dnjepr-Karpaten-offensyf fan de Sovjet-Uny en waard dêr yn april ynsletten. Mei stipe fan de 1e Pânserarmee slagge hy der lykwols yn te ûntkommen. Yn septimber waard de difyzje ferpleatst nei de Karpaten en yn oktober nei Hongarije, dêr't er meidie oan de Slach om Boedapest. Op 8 maaie, doe't de difyzje de rivier de Enns oerstekke soe, waard hy opwachte troch de Amerikanen en twongen de wapens del te lizzen. Dat gebeurde ek, om't de wapenstilstân mei de Amerikanen op dat stuit al yngongen wie. De difyzjeleden wienen lykwols gjin kriichsfinzenen en waarden al frij gau wer frijlitten.