16-kwadraat
| 16-kwadraat | |||
|---|---|---|---|
| |||
| Lingte | 6 m | ||
| Breedte | 1,92 m | ||
| Djipgong | 0,80 m | ||
| Gewicht | 450 kg (sylree) | ||
| Bemanning | 2 | ||
| Seiloerflak | 12 m² + 4 m² = 16 m² | ||
| Untwerp | Hendrik Bulthuis | ||
| Jier | 1925 | ||
De 16 kwadraat is boat mei fêste kiel, yn 1925 ûntwurpen troch Hendrik Bulthuis. Dat is deselde ûntwerper fan de Burgumer Mar, fan in pear jier letter, in swurdsylboat dy't boud is neffens itselde systeem as de 16 kwadraat.
Mjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 16 kwadraat wie lykwols grutter, sa grut as tastien wie sûnder dat der belêsting foar betelle wurde moast: Net langer as 6m, en net mear seil as 16 m². Lykwols wienen beide boaten boud neffens syn sels-ûntwikkele boumetoade, dêr't de hûd fan it skip by opboud waard smelle houten latten. Dizze lattebou makke it mooglik om frijwat komplekse rûne foarmen te meitsjen, wat de bou fan sylboaten in grutte ympuls joech.
Burgumer Mar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't de Burgumer Mar as earste Bulthuis in ienheidsklasse waard, waard dy soms as "Lytse BM" oantsjut. De 16-kwadraat waard earst nei standaardisearring troch it Noard-Nederlânsk Wettersport Bûn as klasse ynstelt, en waard dêrmei ek oanntsjut as "Grutte BM". De standardisearring gong oarspronklik net fier genôch, dat der kaam in twadde ferzje mei striktere regels, mei in stip ûnder it seilteken, en dêrnei de definitieve ferzje mei in streek ûnder it seilteken.
- Seilteken fan 16-kwadraat
- Seilteken mei streek fan 16-kwadraat