Springe nei ynhâld

10 Things I Hate About You (film)

Ut Wikipedy
10 Things I Hate About You
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Gil Junger
produsint Andrew Lazar
senario Karen McCullah
Kirsten Smith
basearre op The Taming of the Shrew
   fan William Shakespeare
kamerarezjy Mark Irwin
muzyk Richard Gibbs
filmstudio Touchstone Pictures
Mad Chance
Jaret Entertainment
distribúsje Buena Vista Pictures
spilers
haadrollen Julia Stiles
Heath Ledger
Joseph Gordon-Levitt
Larisa Oleynik
byrollen David Krumholtz
Andrew Keegan
Gabrielle Union
Larry Miller
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 31 maart 1999
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 97 minuten
budget en resultaten
budget $13 miljoen
opbringst $53,5 miljoen

10 Things I Hate About You is in Amerikaanske romantyske komeedzje en jeugdfilm út 1999 ûnder rezjy fan Gil Junger, mei yn 'e haadrollen Julia Stiles, Heath Ledger, Joseph Gordon-Levitt en Larisa Oleynik. De titel betsjut "10 Dingen oan Dy Dêr't Ik in Hekel oan Haw", nei in gedicht dat de haadpersoan skriuwt as húswurk foar it skoalfak Ingelsk. It ferhaal is eins in moderne werfertelling fan it toanielstik De Fekke Nuet (The Taming of the Shrew), fan William Shakespeare yn 'e setting fan in middelbere skoalle yn 'e Feriene Steaten. In nije learling, Cameron, rekket smoarfereale op syn klasgenoate Bianca, mar dy mei fan har strange heit pas mei jonges útgean as har sjegrinige âldere suster Kat dat ek docht. Om't Kat dêr út eigen beweging net oan begjint, soargje Cameron en syn maat Michael dat de rebelske Patrick har it hof begjint te meitsjen. 10 Thing I Hate About You krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en foarme de trochbraak foar Stiles, Ledger en Gordon-Levitt. De film wie in beskieden súkses yn 'e bioskopen en groeide út ta in klassiker fan it highschoolsjenre.

Cameron James is in nije learling oan 'e Padua High School yn 'e stêdekloft fan Seattle, dêr't syn heit, dy't yn it Amerikaanske Leger tsjinnet, hinne oerpleatst is. Hy slút freonskip mei de wat nerd-ige Michael Eckman, dy't him paadwiis meitsje moat. As er harren klasgenoate Bianca Stratford sjocht, is it foar Cameron leafde op it earste gesicht. Michael warskôget him dat sy leechhollich en waanwiis is, mar Cameron wol dêr net nei harkje. As Michael lykwols fertelt dat Bianca har oerbeskermjende heit har net tastiet om mei jonges op ôfspraakjes te gean, moat er tajaan dat dat wol in behindering opsmyt foar syn plannen.

Underwilens wurdt Kat, de sjegrinige âldere suster fan Bianca, dy't yn it lêste jier fan 'e middelbere skoalle sit, talitten ta it Sarah Lawrence Kolleezje yn New York, oan 'e oare kant fan it lân. Dat liedt ta spul mei har allinnichsteande heit Walter, dy't har ticht by hûs hâlde wol. Bianca wol útgean mei Joey Donner, in rike klasgenoat fan Kat, mar Walter, dy't as ferloskundige op syn wurk eltse dei konfrontearre wurdt mei jonge famkes dy't by fersin swier rekke binne, is as de dea dat soks syn dochters ek oerkomme sil, dat hy hat harren ferbean om ôfspraakjes mei jonges te meitsjen salang't se noch minderjierrich binne. Bianca hâldt lykwols oan ien wei troch oan mei seuren, wylst de dwerse Kat krekt neat fan jonges witte wol. Om fan it geseur ôf te wêzen stelt Walter in nije regel yn, wêrmei't er tinkt it aai fan Kolumbus fûn te hawwen: Bianca mei op in ôfspraakje as Kat ek op in ôfspraakje giet. Dêrmei jout er Bianca in nij doelwyt foar har geëamel, wylst er wit dat Kat har asosjale hâlding alle jonges ôfskrikt, sadat alles by it âlde bliuwe sil.

Cameron ynfiltrearret de wrâld fan Bianca, dy't him net stean sjocht, troch himsels op te werpen as ien dy't har byles jaan kin yn Frânsk, in fak dêr't sy in ûnfoldwaande foar driget te heljen. As er alle moed byinoar skrabet en it weaget om har mei út te freegjen, fertelt se him oer har heite nije regel en freget se him om help. Dat lit Cameron him net twaris sizze, dat mei Michael tinkt er in snoad plan op. Om mei Bianca útgean te kinnen, moatte se earst soargje dat Kat mei ien útgiet. Dêrom moatte se in jonge hawwe dy't him net ôfskrikke litte sil troch har ôfhâldige manear fan hâlden en dragen. Yn Patrick Verona, in rebel dy't him oan gjin inkele regel wat gelegen lizze lit, tinke se sa'nent fûn te hawwen. Patrick hat lykwols gjin belangstelling foar Kat. Cameron soe him wol betelje wolle om mei Kat út te gean, mar hy hat it jild der net foar. Michael stelt dat se ferlet hawwe fan in rike, domme sponsor. Dat hy misliedt Joey Donner, dy't ek mei Bianca útgean wol, en leit him it plan foar om Patrick yn te hieren. Dat liket Joey wol wat, dat hy telt fyftich dollar del foar Patrick syn tsjinsten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wannear't Patrick ynienen út it neat wei har it hof begjint te meitsjen, makket Kat tige dúdlik dat se dêr gjin ferlet fan hat. Op advys fan Michael belûkt Cameron Bianca by de operaasje en befreget har oer wêr't Kat al en net fan hâldt. Foarsjoen fan dy ynformaasje besiket Patrick de feministyske nachtklub Club Skunk, dêr't Kat gauris mei har bêste freondinne Mandella hinne giet. Troch har mei de fia Bianca opdiene foarkennis op skamteleaze wize te manipulearjen, wit er har belangstelling te winnen. Se lit har beprate om mei him nei it feest te gean dat Bogey Lowenstein, in klasgenoat fan Bianca en Cameron, dat wykein jout. Om't Kat dêrhinne giet, mei Bianca der neffens de nije regel ek hinne, ta ûntsetting fan harren heit.

Op it feest slacht Kat hielendal los as se Bianca mei Joey sjocht. Se sûpt harsels dronken en dûnset op in tafel foar it omsteand laach oant se der sawat hinne falt. Patrick hat der hiel wat mei te stellen om har behâlden nei hûs te loadsen, mar ûnderweis werom begjinne se in bân te foarmjen. Ienris by har foar hûs besiket se him te tútsjen, mar Patrick draait syn holle fuort, wêrnei't Kat fernedere nei binnen giet. Underwilens hopet Cameron op it feest it hert fan Bianca foar him te winnen, mar Bianca poeieret him ôf om't se inkeld each hat foar Joey Donner. Nei't se in pear oeren yn syn neite omslein hat, begjint se lykwols te beseffen hoe arrogant, op himsels rjochte en planút saai oft Joey eins is. As er har meifreget nei in afterparty, hâldt se de boat ôf en beart se dat se mei in kertier thús wêze moat. Joey set dan ynstee fuort mei Bianca har bêste freondinne, de swarte Chastity. Bianca freget Cameron om har thús te bringen, wat er docht, mar ienris by har hûs wurdt syn frustraasje en teloarstelling him oermânsk. Hy jout syn gefoelens foar har ta en seit har it mannewaar op oer hoe't se him behannele hat. Ynstee him mei gelikense munt werom te beteljen, jout se him fluch in tút op 'e mûle foar't se yn 'e hûs giet, him yn folsleine betizing efterlittend.

De oare wyks op skoalle lit Kat dúdlik blike dat se noch altyd poerrazen op Patrick is. Oan Cameron en Michael leit Patrick út dat er har net tútsje woe om't se stomdronken wie en net by steat om trochtochte beslissings te nimmen. Dat hied er better oan Kat fertelle kinnen, mar dêr jout se him de kâns net foar. Joey, dy't net foar it ferstân hat dat er by Bianca syn beurt fersitten hat, biedt Patrick nochris fyftich dollar om mei Kat nei it lêstejiers dûnsfeest (prom) te gean, sadat hy der mei Bianca hinne kin. Foar Patrick wurdt it wat te earnstich, dat hy stegeret it foarstel ôf. Joey mient lykwols dat Patrick allinne mar mear jild hawwe wol, dat hy begjint mear te bieden, oant Patrick úteinlik by $300 oerstaach giet. Hy lit Kat noch in dei as wat ôfkuolje, mar wit har dan foar him werom te winnen troch har yn it sportstadion fan 'e skoalle troch klandestyn gebrûk fan it lûdssysteem en mei help fan it muzykkorps fan 'e skoalle in serenade te bringen yn 'e foarm fan it liet Can't Take My Eyes Off You.

Foar dy streek moat Patrick neibliuwe, mar Kat helpt him om troch it finster nei bûten te glûpen troch har truike omheech te lûken en sa de tsjinstdwaande learaar ôf te lieden. Neitiid bringe Kat en Patrick de rest fan 'e middei op romantyske wize mei-inoar troch. Wannear't Patrick der mar oer trochtimmeret dat se mei him nei it lêstejiers dûnsfeest moat, in tradysje dêr't Kat as rjochtaarde feministe folslein op tsjin is, wurdt se op 't lêst lulk en erchtinkend. De middei einiget sadwaand yn rûzje. Underwilens rekket Bianca yrritearre as Cameron der mar tsjinoan skytskoarret om har mei te freegjen nei it lêstejiers dûnsfeest, dat sadwaande nimt se in útnûging fan Joey oan. Har heit wol der lykwols neat fan witte dat sy dêrhinne sil as Kat net giet. Kat fertelt Bianca yn fertrouwen dat se sels in skoftke mei Joey útgien hat doe't se jonger wie, en dat se doe troch groepsdruk tajûn hat en seksuele omgong mei him hân hat. Doe't se dêr letter spyt fan hie en net wer mei him op bêd woe, hat er har dumpt. Dêrop hie se harsels ûnthjitten om nea wer wat te dwaan inkeld en allinne om't eltsenien it docht. Hoewol't se skrokken is fan it ferhaal fan Kat, hâldt Bianca fol dat Kat har net hoecht te beskermjen om't se wol om harsels tinke kin. Nei dêroer neitocht te hawwe, beslút Kat en gean om 'e wille fan Bianca mei Patrick nei it lêstejiers dûnsfeest.

Op 'e grutte jûn wurdt Kat, ta ûnleauwe en ôfgriis fan har heit, thús ôfhelle troch Patrick. Bianca kiest derfoar om dochs mei Cameron te gean ynstee fan mei Joey. Dy lêste wit gau-gau in nij famke mei te krijen yn 'e foarm fan Chastity. Op it feest docht bliken dat Patrick regele hat dat Kat har favorite band dêr optreedt. Dy ferrassing betellet se him werom mei in tút. Cameron en Bianca hawwe likefolle wille, en Michael hat Kat har bêste freondinne Mandella witten te bestrûpen, mei wa't er in foarleafde foar it wurk fan Shakespeare blykt te dielen. Op it húske komt Bianca Chastity tsjin, dy't har tabyt dat Joey Bianca allinne mar meifrege hie om't er mei syn maten in weddenskip oangien wie dat er har op bêd krije koe. Joey, dy't der noch altyd min oer te sprekken is dat er oan 'e kant set is, siket op 'e dûnsflier yn it bywêzen fan Kat in konfrontaasje op mei Patrick, wêrby't er slûpe lit dat er Patrick betelle hat om mei Kat út te gean. It gefolch is dat Kat lulk fuortrint. Underwilens siket Joey rûzje mei Cameron, dy't er delslacht. As Bianca dat sjocht, brekt se him de noas en skopt se him yn it krús, wêrmei't se de ivichduorjende bewûndering fan Cameron wint. Se litte Joey âljend en jammerjend fan pine op 'e dûnsflier efter.

Julia Stiles (yn 2007).
Heath Ledger (yn 2006).
Joseph Gordon-Levitt (yn 2013).
Larisa Oleynik (yn 2020).

De oare deis fermoedsoenje Bianca en Kat harren mei-inoar. Bianca en Cameron hawwe no fêste ferkearing krigen. Walter Stratford beseft dat er Kat loslitte moat as er har behâlde wol, dat hy jout har tastimming om oan it Sarah Lawrence Kolleezje te studearjen. Menear Morgan, de learaar Ingelsk, hie de klasse fan Kat earder in húswurkopdracht jûn wêrby't se in eigen, hjoeddeistige foarm fan Sonnet 141 fan William Shakespeare skriuwe moasten. Op 'e dei dat dy opdracht ôf wêze moat, freget Morgan om frijwilligers om it eigen gedicht foar de klasse foar te lêzen. Kat is de iennichste dy't de hân opstekt. Har gedicht hjit "10 Dingen oan Dy Dêr't Ik in Hekel oan Haw" en is oerdúdlik oan Patrick rjochte. Mar nettsjinsteande de faaie titel komt derút nei foarren dat se noch altyd smoarfereale op him is, ek al hat er har kwetst mei syn ligerij. Patrick, dy't har earder temûk folge wie nei in ynstrumintewinkel dêr't se in gitaar bewûndere, ferrast har troch dat selde gitaar yn har auto te lizzen. It docht bliken dat er it jild fan Joey brûkt hat om it foar har te keapjen. Hy fertelt har dat er de opdracht, dy't er fan Joey krigen hie, folslein ferprutst hat, mei't er folslein foar har fallen is. Kat ferjout him en se lizze it spul by mei in tút.

haadrollen
personaazje                                     akteur/aktrise
Kat Stratford Julia Stiles
Patrick Verona Heath Ledger
Cameron James Joseph Gordon-Levitt
Bianca Stratford Larisa Oleynik


byrollen
personaazje akteur/aktrise         
Michael Eckman David Krumholtz
Joey Donner Andrew Keegan
Chastity Church Gabrielle Union
Walter Stratford Larry Miller
Mandella Susan May Pratt
menear Morgan, learaar Ingelsk Daryl Mitchell
rektriks Perky Allison Janney
menear Chapman, learaar gymnastyk David Leisure
Bogey Lowenstein Kyle Cease
Scurvy, (maat fan Patrick) Greg Jackson

Fierders binne yn 'e film twa echte bands te sjen: Letters to Cleo, mei û.o. sjongster Kay Hanley, dy't optrede yn Club Skunk en letter troch tadwaan fan Patrick ek op it lêstejiers dûnsfeest, en Save Ferris, mei û.o. sjongster Monique Powell, de oarspronklike band foar it lêstejiers dûnsfeest. Beide bands spylje sawol orizjinele eigen nûmers as covers fan oare artysten.

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

10 Things I Hate About You waard regissearre troch Gil Junger nei in senario fan Karen McCullah en Kirsten Smith as in moderne adaptaasje fan it klassike toanielstik De Fekke Nuet (The Taming of the Shrew) fan William Shakespeare út 1594. As produsint wie Andrew Lazar by it projekt belutsen foar de filmstudio's Touchstone Pictures (in dochterûndernimming fan Disney), Mad Chance en Jaret Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $13 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mark Irwin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Richard Gibbs.

Sawol Josh Hartnett as Ashton Kutcher makken kâns op 'e rol fan Patrick, dy't úteinlik nei Heath Ledger gie. Eliza Dushku die audysje foar de rol fan Kat, en Katie Holmes waard foar dy rol ek yn omtinken nommen. Kate Hudson waard de rol fan Kat oanbean, mar har mem Goldie Hawn mocht net oer it senario fan 10 Things I Hate About You en lei dêrom it near op it spyljen fan har dochter yn 'e film. Sadwaande krige Julia Stiles úteinlik de rol taparte. Foar Ledger en Stiles, en ek foar Joseph Gordon-Levitt, dy't Cameron spile, foarme 10 Things I Hate About You de trochbraak yn harren karriêre.

De opnamen foar 10 Things I Hate About You fûnen plak yn 'e simmer fan 1998. It meastepart fan 'e sênes op skoalle waard filme op lokaasje op 'e Stadium High School yn Tacoma (Washington). De sênes by Kat en Bianca thús waarden foar it meastepart opnommen yn in hûs yn 'e wyk North End, ek yn Tacoma.

De Stadium High School yn Tacoma, dêr't de measte opnamen fan 'e sênes op skoalle plakfûnen.

De opienfolging fan sênes oer it lêstejiers dûnsfeest waard oer in perioade fan trije dagen filme yn Seattle. Kostúmûntwerpster Kim Tillman makke de orizjinele baljurken foar Larisa Oleynik (Bianca) en Julia Stiles (Kat), en ek de op 'e Elizabetaanske Tiid ynspirearre kostúms fan David Krumholtz (Michael) en Susan May Pratt (Mandella). De slangelearene jurk fan Gabrielle Union (Chastity) wie in ûntwerp fan Betsey Johnson. De smokings fan Heath Ledger (Patrick) en Joseph Gordon-Levitt (Cameron) kamen fan Isidora's yn Seattle.

De distribúsje fan 10 Things I Hate About You waard fersoarge troch Buena Vista Pictures, dat krekt as Touchstone in dochterûndernimming fan Disney wie. De film gie op 31 maart 1999 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn july 1999 by platemaatskippij Hollywood Records. It wie tige súksesfol en stie sân wiken yn 'e albumlist Billboard 200.

Fan 'e filmkritisy krige 10 Things I Hate About You oer it algemien positive resinsjes. Der wie benammen lof foar haadrolspilers Julia Stiles en Heath Ledger. Sa skreau Geoff Andrew fan it tydskrift Time Out: "Stiles groeit yn har rol en Ledger is sjarmant sûnder dat er dêr war foar hoecht te dwaan." Brad Laidman fan 'e webside Film Threat kwalifisearre de film as "oprjocht en perfekt útfierd" en syn kollega Ron Wells, ek fan Film Threat, neamde it "fan alle jeugdfilms fan dit jier oant no ta fierwei de bêste".

Yn 'e Chicago Sun-Times wie Roger Ebert wat lauwer oer 10 Things I Hate About You. Hy skreau dat er de "geast fan 'e film, de akteurs en guon fan 'e sênes wol lije mocht". Dêr heakke er oan ta dat "de muzyk, foar in grut part fan 'e band Letters to Cleo, subtyl en finingryk [is] mar dochs fleurich". Hy joech de film 21/2 fan 4 stjerren. Yn 2012 parte it blêd Entertainment Weekly oan 10 Things I Hate About You it 49e plak ta op 'e ranglist fan 'e hûndert bêste highschoolfilms.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat 10 Things I Hate About You in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 79 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Julia Stiles en Heath Ledger foegje sterke aktearprestaasjes ta oan in ûnferwachts fernimstich skript, sadat 10 Things I Hate About You boppe de typyske jeugdfilm út stiget." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet 10 Things I Hate About You in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 26 resinsjes.

10 Things I Hate About You brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $38,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $15,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $53,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $13 miljoen betsjut dat in winst fan $40,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

10 Things I Hate About You waard nominearre foar sân Teen Choice Awards, foar favorite komeedzjefilm, favorite trochbraak fan in stjer (Julia Stiles), favorite filmsmjunt (Andrew Keegan as Joey Donner), favoryt opwûn stantsje (Joseph Gordon-Levitt), favorite grappichste sêne, favorite leafdessêne en favorite soundtrack. Heath Ledger waard nominearre foar in MTV Movie Award foar bêste muzykoptreden yn in film foar syn serenade mei it liet Can't Take My Eyes Off You. Stiles wûn in MTV Movie Award foar bêste trochbraak fan in aktrise.

Yn juny 1999 brocht útjouwerij Scholastic Corporation ûnder deselde titel in ferboeking út fan 10 Things I Hate About You, skreaun troch David Levithan.

Tsien jier nei't de film útkommen wie, stjoerde it Amerikaanske tillefyzjenetwurk ABC in adaptaasje fan 'e film út yn 'e foarm fan 'e tillefyzjesearje 10 Things I Hate About You. Fan 'e cast fan 'e film wie inkeld Larry Miller (Walter Stratford) yn 'e searje te sjen, net inkeld om't de akteurs yn 'e jongere rollen tsjin dy tiid filmkarriêres opboud hiene, mar ek om't se ûnderwilens te âld wiene om troch te gean foar learlingen oan in middelbere skoalle. Gil Junger, de regisseur fan 'e film, wie wol by de searje belutsen. It wie gjin súkses en nei tweintich ôfleverings waard de searje stopset.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.