's-Heer Arendskerke
| 's-Heer Arendskerke | ||
| Protestantske tsjerke | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | Goes | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.868 (2026)[1] | |
| Oerflak | 17,70 km², wêrfan wetter: 0,05 km² | |
| Hichte | 1 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 4456 | |
| Netnûmer | 0113 | |
| Kaart | ||
's-Heer Arendskerke is in doarp yn 'e gemeente Goes yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp hat 1.868 ynwenners (2026).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]'s-Heer Arendskerke waard ek wol 's Heer-Arendskerke, Aernoutskerke, Ser Arnoudskerke of Sraskerke neamd. Lykas by in soad doarpsnammen dy't op -kerke einigje, is ek hjir it wurd 'kerke' ferbûn mei de namme fan 'e stifter fan 'e tsjerke: Arend de Skinge, in foarnaam telch út it aadlike laach Van Schengen. Dat laach wie eigner fan 'e ambachtshearlikheid 's-Heer Arendskerke, hie it rjocht fan oanwaaks fan al it lân tusken Bevelân en Walcheren, en spile dus in wichtige rol by de westlike bedikingen.

De hearen Van Schengen bouden yn 'e 13e of 14e iuw tichteby it doarp harren kastiel. Yn 'e 17e en 18e ieu wie it slot sa ferfallen rekke, dat it ôfbrutsen waard. De stiennen waarden brûkt om de diken te fersterkjen.
De earste skriflike fermelding wie yn 1275 as dochterparochy fan it tichtbylizzende en âldere Wissekerke. Op syn bar wie 's-Heer Arendskerke (tsjerke wijd oan Sint-Piter) wer de memmetsjerke fan Baarsdorp.
It hat eartiids in wichtich doarp west. Yn 1872 waard stasjon 's-Heer Arendskerke iepene; dit waard yn 1946 sluten. Hjoed-de-dei is 's-Heer Arendskerke yn ferliking mei in soad oare doarpen net hiel grut. Foar in grut part fan 'e foarsjennings (lykas winkels, ûnderwiis en teäter) is it doarp ôfhinklik fan ûnder oare Goes en it tichtebylizzende Heinkenszand.
Eardere gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat de Quarlespolder nei 1949 ynpoldere wie, krige de gemeente 's-Heer Arendskerke yn 1954 eastlike dielen fan 'e gemeenten Arnemuiden en Nieuw- en Sint Joosland tawiisd, sadat de polder yn ien gemeente komme soe te lizzen. Ek de Sloedam lei fan dat stuit ôf folslein yn 'e Súd-Bevelânske gemeente. Yn 1966 moast de gemeente de kwelders fan it Súd-Sloe, dy't ûnderwilens opspuite wiene mei sân, ôfjaan oan de nijfoarme gemeente Flissingen. It waard diel fan it yndustrygebiet Flissingen-East.
Oant 1970 wie 's-Heer Arendskerke in selsstannige gemeente; dêrnei waard it diel dat benoarden de A58 lei by de gemeente Goes foege. Yn dat diel leine de doarpen 's-Heer Arendskerke (ynklusyf it buorskip Eindewege), 's-Heer Hendrikskinderen (ynklusyf de buorskip Wissekerke) en in stikje fan Lewedorp. It súdlike diel fan 'e gemeente, mei dêryn Nieuwdorp en it grutste part fan Lewedorp, waarden opnommen yn 'e nije gemeente Borsele.
Doarpstype
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]'s-Heer Arendskerke is in kombinaasje fan in tsjerkeringdoarp en in foarstrjittedoarp.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Petrustsjerke datearret út de 14e en 15e iuw. Yn 'e tsjerke is in oargel út 1708.
- It doarp hat in tal monumintale pleatsen, lykas de Arendshoeve en de Grote Dijk.
- Op it doarpsgebiet leit ek de dobbe It Frouweputsje. It wie oant yn 'e jierren 1960 in earder roomsk beafeartsplak, wêrfan't it wetter genêskrêftich wêze soe. Neffens de oerlevering soe de bline Tannie nei it oanreitsjen fan it wetter har sicht werom krige hawwe. Nei de ruilferkaveling waard de dobbe yn 1972 tichtsmiten. Yn 2005 waard op in oar plak in nije dobbe groeven. Dy wurdt lykwols fuorre troch itselde ûndergrûnske streamke as de oarspronklike dobbe.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Gemeente Goes | ||
|---|---|---|
| Stêd: Goes | ||
| Doarpen: 's-Heer Arendskerke • 's-Heer Hendrikskinderen • Kattendijke • Kloetinge • Oud-Sabbinge • Wilhelminadorp • Wolphaartsdijk | ||
| Buorskippen: Blauwedijk • Eindewege • De Groe • Goese Sas • Monnikendijk • Noordeinde • Oude Veerdijk • Planketent • Roodewijk • Sluis de Piet • Tervaten • Waanskinderen • Wissekerke | ||
