Ödön Zombori
Ödön Zombori | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ödön Zombori | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 16 septimber 1906[1] | |
berteplak | Szenta | |
stjerdatum | 29 novimber 1989 | |
stjerplak | Bûdapest | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Wrakseljen | |
ûnderdiel | Gryksk-Romeinsk, Frije styl | |
O.S. | Amsterdam 1928, Los Angeles 1932, Berlyn 1936 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() ![]() ![]() ![]() ![]() |
Ödön Zombori (Szenta, 13 septimber 1906[1] - Bûdapest, 29 novimber 1989) wie in Hongaarsk wrakselder.
Hy die fjouwer kear mei it Europeeske kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard yn 1936 Olympysk kampioen by it frije styl wrakseljen yn de klasse oant 56 kg , yn 1932 wûn hy al in sulveren medalje yn deselde klasse. Hy waard fjouwer kear Europeesk kampioen, (ien by Gryksk-Romeinsk en twa by frije styl).
Ödön Zombori wie in broer fan wrakselder Gyula Zombori dy't yn 1932 ek meidie oan de Olympyske Simmerspullen. Yn 1948 emigrearre Ödön nei Argentynje koart foardat de kommunisten oan de macht kamen yn Hongarije. Op de Spullen fan 1956 yn Melbourne wie Zombori de trainer fan it Argentynske team. Letter wenne er yn Los Angeles de Feriene Steaten mar yn 1985 kaam er werom nei it heitelân.
Ödön Zombori ferstoar op 29 novimber 1989, yn 'e âldens fan 83 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|