Église Notre-Dame-des-Champs (Avranches)

Ut Wikipedy
Us-Leaffrouwetsjerke yn 'e Fjilden

Église Notre-Dame-des-Champs

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Manche
plak Avranches
koördinaten 48° 41' N 1° 21' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Coutances
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1863-1876
boustyl Neogotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side parochy
Kaart
Église Notre-Dame-des-Champs (Frankryk)
Église Notre-Dame-des-Champs

De Us-Leaffrouwetsjerke yn 'e Fjilden (Frânsk: Église Notre-Dame-des-Champs) is in monumintaal tsjerkegebou yn Avranches, Frankryk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde Us-Leaffrouwetsjerke yn de Fjilden stie lykas de namme oanjout bûten de stêd. Fan dy tige ienfâldige tsjerke binne in foto en in pear 17e-iuwske gravueres bekend. De tsjerke moast renovearre wurde en wie boppedat fierstente lyts woarn. Sadwaande ûntstiene healwei de 19e iuw plannen om in nije tsjerke te bouwen, fral nei't de âlde Andréaskatedraal mei de Frânske Revolúsje ôfbrutsen wie. De arsjitekt Nicolas Théberge, dy't ek parochiaan wie, waard frege om ûntwerpen te meitsjen foar nijbou.

Op 12 april 1863 waard de earste stien foar de tsjerke lein. Alhoewol't de bou útein sette wiene der noch in soad fragen. It projekt fan Théberge wie wat de omfang fan de nijbou oanbelange tige ambitieus en in soad minsken fregen harren ôf hoe't it jild foar it projekt by inoar sammele wurde moast.

De plannen brieken folslein mei dy fan de ienfâldige tsjerke dy't ferfongen wurde moast. De gemeente en de parochy hiene net genôch jild, fral ek om 't de earder boude Sint-Gervasiustsjerke djoer útfallen wie. Yn 1865 teagen de boargemaster en preester nei Parys om dêr help te freegjen. Dy kaam lang om let yn 1876 en op 13 novimber 1892 koe de tsjerke ynwijd wurde.

De stadige bou fan de tsjerke waard regelmjittich ûnderbrutsen. Yn 1868 ferstoar in 27-jierrige mitsler, dy't fan de hichte fan it roasfinster foel, dêr't er oan it wurk wie. De arsjitekt Théberge ferstoar yn 1866. De Earste Wrâldkriich easke de mobilisaasje fan alle wurkjlu. Pas tusken 1926 en 1927 waarden de tuorren ôfboud, mar de spitsen binne nea foltôge. Ek in aksiale kapel waard net útfierd.

Yn juny 1944 rekke de tsjerke earnstich skeind troch in brân, feroarsake troch de alliearde bombardeminten op de stêd. Nei de kriich folge in rekonstruksje en yn febrewaris 1962 waard de tsjerke wer foar de earetsjinst iepene.

Sûnt 16 febrewaris 2006 is de tsjerke in histoarysk monumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.