Springe nei ynhâld

Écrits

Ut Wikipedy
Jacques Lacan, 1928.

Écrits (Frânsk, betsjutting: "Geskriften") is in bondel fan essays troch de Frânske skriuwer Jacques Lacan, publisearre yn 1966 troch Éditions du Seuil yn 1966.. De stikken binne meast net skreaun foar skiftlike publikaasje. Yn 1932 hie er in proefskrift skreaun, mar net útjûn, en letter hie er út en troch wurk publisearre yn spesjalisearre tydskriften, mar eins woed er leaver net publisearje, dat in protte wie allinnich beskikber foar wa't nei syn lêzings kaam. Yn 1963 waard him útsteld syn gearbrochte wurk út te jaan, mar it soe oant 1966 duorje oant it der wier fan kaam.

It boek waard dúdlik in sukses, fral foar soks lestich tagonklik wurk.