Aldere hoaleliuw
âldere hoaleliuw | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() Artistike rekonstruksje. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Panthera fossilis | ||||||||||||
Reichenau, 1906 | ||||||||||||
útstoarn (fossyl)
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De âldere hoaleliuw (wittenskiplike namme: Panthera fossilis of Panthera spelaea fossilis), ek wol de fossile hoaleliuw neamd (ek al binne alle hoaleliuwen fossyl), is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e panters (Panthera). Dit bist libbe rûchwei fan 700.000 oant 300.000 jier lyn yn it Mid-Pleistoseen en kaam foar yn Jeropa en westlik Aazje. De krekte taksonomyske pleatsing fan 'e âldere hoaleliuw is ûndúdlik; guon saakkundigen beskôgje it as in selsstannige soarte mei de wittenskiplike namme Panthera fossilis, wylst oaren it as in iere ûndersoarte fan 'e hoaleliuw (Panthera spelaea) sjogge, mei as wittenskiplike namme Panthera spelaea fossilis. Foar beide sjenswizen is wat te sizzen, mei't de âldere hoaleliuw him geandewei ûntwikkele ta de (lettere) hoaleliuw. De âldere hoaleliuw wie in reuseftich rôfdier en de grutste kateftige dy't ea libbe hat.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldere hoaleliuw waard yn 1906 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Dútske biolooch Wilhelm von Reichenau, op basis fan in fossyl dat opdobbe wie yn 'e neite fan Mauer yn it Gruthartochdom Baden. Omtrint deselde snuorje waarden ek bonkefragminten fan dit bist oantroffen by Pakefield yn Ingelân, dy't nei skatting sa'n 680.000 jier âld wiene. Yn Poalen waarden op ferskate plakken (dielen fan) fossilen fûn, dy't kwa âldens útinoar rinne fan 750.000 oant 240.000 jier. Restanten dy't by Isernia yn Itaalje opdobbe waarden, binne 600.000 oant 620.000 jier âld. It earste fossyl fan 'e âldere hoaleliuw yn Aazje waard yn 'e Kûznjetskdobbe fan westlik Sibearje fûn en datearret út it Ier Pleistoseen.
Histoarysk waard de âldere hoaleliuw beskôge as in iere ûndersoarte fan 'e liuw (Panthera leo), mei de wittenskiplike namme Panthera leo fossilis. Guon paleöntologen rjochten binnen it skaai fan 'e panters (Panthera) in ûnderskaai foar de liuwen (Leo) op, dêr't se de liuw yn gearbrochten mei alle op liuwen lykjende fossile panters, lykas de âldere hoaleliuw, de hoaleliuw (Panthera spelaea) en de Amerikaanske liuw (Panthera atrox). Geandewei de tweintichste iuw waard de hoaleliuw, dy't ek lang as in ûndersoarte fan 'e liuw sjoen wie, hieltyd faker as in selsstannige soarte beskôge. De âldere hoaleliuw waard dan ornaris as in iere ûndersoarte fan 'e hoaleliuw sjoen, as Panthera spelaea fossilis.

DNA-ûndersiken brochten tusken 2008 en 2016 oan it ljocht dat de hoaleliuw yndie in selsstannige soarte wie, dy't dan wol nau besibbe wie oan 'e (gewoane) liuw, mar gjin ûndersoarte fan dat bist wie. In fierder ûndersyk út 2022 troch Martin Sabo et al. wiisde út dat de hoaleliuw him út 'e âldere hoaleliuw ûntwikkele hie yn in evolúsjeproses dat hûnderttûzenen jierren duorre hie. Foar de status fan 'e âldere hoaleliuw wol dat sizze dat men dit bist sjen kin as in iere ûndersoarte fan 'e hoaleliuw, as Panthera spelaea fossilis, mar dat men de âldere hoaleliuw ek as in aparte soarte beskôgje kin, as Panthera fossilis.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e âldere hoaleliuw besloech it grutste part fan it Jeropeeske kontinint, útstekkende dielen lykas it Ibearysk Skiereilân, it Apenynsk Skiereilân, de Peloponnesos en Jutlân ynbegrepen. Hy ûntbriek op it Skandinavysk Skiereilân en de eilannen yn 'e Eastsee en de Middellânske See. Op 'e Britske Eilannen kaam er inkeld yn it suden fan Ingelân en it uterste súdeasten fan Wales foar. Bûten Jeropa libbe de âldere hoaleliuw ek yn Transkaukaazje, Sintraal-Aazje en westlik Sibearje.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldere hoaleliuw moat him tusken 700.000 en 600.000 jier lyn ûntjûn hawwe út in grutte panterynske kateftige, dy't de foarâlder fan alle liuwen en liuw-eftige panters wie. Dat bist fûn tusken 1,7 en 1,2 miljoen jier lyn syn oarsprong yn 'e Olduvaikleau yn wat no Tanzania is, en wreide syn ferspriedingsgebiet dêrwei oer hiele Afrika út. Tusken 780.000 en 700.000 jier lyn fersprate dy kateftige him fia it Midden-Easten foar it earst nei Jeraazje, dêr't er al rillegau hiel Jeropa besuden de iiskapen en teffens westlik Aazje kolonisearre.
De ierste fossilen dy't sûnder mis as de âldere hoaleliuw klassifisearre wurde kinne, datearje fan 660.000 oant 612.000 jier lyn. Der binne noch ierdere fossilen fûn, dy't tebek geane oant 780.000 jier lyn, mar dêrby is it twifelich oft der al fan 'e âldere hoaleliuw sprutsen wurde kin, mei't dêryn de skaaimerken fan 'e soarte noch net folslein ta utering komme. In ûndersyk yn 2020 fan M. de Manuel et al. nei it mitogondriaal DNA fan liuwen, hoaleliuwen en âldere hoaleliuwen wiisde út dat hoaleliuwen en (gewoane) liuwen har oant 500.000 jier lyn noch mei-inoar fuortplanten, mar nei 470.000 jier lyn net mear.
De fêstiging fan 'e âldere hoaleliuw yn westlik Jeraazje moat yn it ljocht sjoen wurde fan in fauna-oerdrachtbarren yn it iere Mid-Pleistoseen wêrby't in protte soarten útstoaren dy't karakteristyk wiene foar it Villafranchyn (de foargeande geologyske perioade). Wat de rôfdieren oangiet, stoaren bgl. de koartsnútreuzehyena (Pachycrocuta brevirostris) en de Jeropeeske sabeltosktiger (Megantereon cultridens) út, wylst nei de oankomst fan 'e âldere hoaleliuw de minskesabeltosktiger (Homotherium serum) en de Jeropeeske jagûar (Panthera gombaszoegensis) folle seldsumer waarden. It lêste bist stoar úteinlik yn it lette Mid-Pleistoseen út. Konkurrinsje mei de âldere hoaleliuw liket dêrby in wichtige rol spile te hawwen.
Tusken 300.000 en 100.000 jier lyn ûntjoech de âldere hoaleliuw him stadichoan ta de hoaleliuw (Panthera spelaea) sa't dy yn it Let Pleistoseen bestie. Dat gie mank mei in oansjenlik belúnjen yn lichemsgrutte en in stikmannich feroarings yn 'e anatomy fan it skelet. Fossilen mei skaaimerken dy't de midden hâlde tusken dy fan 'e âldere hoaleliuw en dy fan 'e (lettere) hoaleliuw, wurde oantsjut as de tuskenbeiden hoaleliuw (Panthera spelaea intermedia). Hoewol't ornaris steld wurdt dat de âldere hoaleliuw omtrint 300.000 jier lyn útstoarn is, wie dat dus gjin útstjerren yn 'e sin sa't dy term ornaris begrepen wurdt, mar in ferdwining fan eksimplaren mei de oarspronklike anatomyske skaaimerken dy't yn harren neikommelingen net mear foarkamen.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fossilen fan 'e âldere hoaleliuw litte sjen dat it de grutste kateftige wie dy't ea bestien hat. It bist hie in kop-romplingte fan nei skatting 250–290 sm, in skofthichte fan 140–150 sm en in gewicht fan 400–500 kg. Dêrmei hied er de kop ter hichte fan 'e skouders fan in minske fan gemiddelde lingte. Ta ferliking, in hjoeddeistige liuw (Panthera leo) hat in kop-romplingte fan 160–208 sm, mei in skofthichte fan 107–123 sm en in gewicht fan 110–225 kg. En de tiger (Panthera tigris), de grutste libbene kateftige, hat in kop-romplingte fan 140–280 sm, in skofthichte fan 80–110 sm en in gewicht fan 100–260 kg (ôfhinklik fan sekse en ûndersoarte).
Fossilen fan 'e âldere hoaleliuw ôfkomstich út westlike Sibearje binne dúdlik grutter as dy út Midden-Jeropa. En ek wat âlder oft se binne, wat grutter, en wat jonger, wat lytser. De hoaleliuw (Panthera spelaea) fan it Let-Pleistoseen, dêr't de âldere hoaleliuw him úteinlik ta ûntwikkele, wie nammentlik in stik lytser, hoewol doe noch altyd de grutste kateftige op 'e wrâld, mei in kop-romplingte fan nei skatting 200–221 sm en in skofthichte fan 110–120 sm. Ek hie de âldere hoaleliuw, yn ferhâlding ta syn lytsere neikommeling, in justjes bredere snút en bek, lytsere eagen en snijtosken, en smellere en minder ôfplatte hoektosken.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldere hoaleliuw wie miskien wol it grutste rôfdier fan syn tiid, in tige gefaarlik bist. Hy wie ek foar oare rôfdieren nei alle gedachten ôfskriklik genôch om harren te ferdriuwen fan proaien dy't se sels deade hiene (in ferskynsel dat kleptoparasitisme hjit). Foarbylden fan sokke oare rôfdieren, dêr't de âldere hoaleliuw mei konkurrearje moast, wiene de brune bear (Ursus arctos), de grize wolf (Canis lupus), de hoalehyena (Crocuta spelaea), it hoaleloaihoars (Panthera pardus spelaea), de minskesabeltosktiger (Homotherium serum), de Jeropeeske jagûar (Panthera gombaszoegensis) en de warch (Gulo gulo).
Herbivoaren dy't troch de âldere hoaleliuw bejage waarden, wiene û.o. de wolhierrige mammoet (Mammuthus primigenius), de Jeraziatyske boskoaljefant (Palaeoloxodon antiquus), de wolhierrige noashoarn (Coelodonta antiquitatis), de bosknoashoarn (Stephanorhinus kirchbergensis), de steppenoashoarn (Stephanorhinus hemitoechus), de wisint (Bison bonasus), de steppewisint (Bison priscus), de oerokse (Bos primigenius), it wylde hynder (Equus ferus), it reuzehart (Megaloceros giganteus), de muskusokse (Ovibos moschatus), de eland (Alces alces), it rindier (Rangifer tarandus), it reahart (Cervus elaphus), de deim (Dama dama), de ree (Capreolus capreolus) en de saiga-antilope (Saiga tatarica).
Relaasje mei de minske
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iennichste bewiis dat (oant no ta) fûn is fan ynteraksje fan minsken mei de âldere hoaleliuw, wurdt foarme troch fossilisearre dielen fan in skelet dat yn Gran Dolina, yn Spanje, opdobbe is en datearret fan omtrint 300.000 jier ferlyn. De bonken fertoane sneden, wêrfan't oannommen wurdt dat it spoaren binne fan it slachtsjen fan it bist foar syn fleis troch primitive minsken.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Panter (skaai)
- Fossyl sûchdier
- Bist útstoarn yn it Pleistoseen
- Fossyl yn Abgaazje
- Fossyl yn Albaanje
- Fossyl yn Armeenje
- Fossyl yn Azerbeidzjan
- Fossyl yn Belgje
- Fossyl yn Bosnje-Hertsegovina
- Fossyl yn Bulgarije
- Fossyl yn Denemark
- Fossyl yn Dútslân
- Fossyl yn Eastenryk
- Fossyl yn Estlân
- Fossyl yn Frankryk
- Fossyl yn Georgje
- Fossyl yn Grikelân
- Fossyl yn Guernsey
- Fossyl yn Hongarije
- Fossyl yn Ingelân
- Fossyl yn Itaalje
- Fossyl yn Jeropeesk Ruslân
- Fossyl yn Jersey
- Fossyl yn Kazachstan
- Fossyl yn Kosovo
- Fossyl yn Kroaasje
- Fossyl yn Letlân
- Fossyl yn Litouwen
- Fossyl yn Lúksemboarch (lân)
- Fossyl yn Moldaavje
- Fossyl yn Montenegro
- Fossyl yn Nederlân
- Fossyl yn Noard-Masedoanje
- Fossyl yn de Oekraïne
- Fossyl yn Poalen
- Fossyl yn Portegal
- Fossyl yn Roemeenje
- Fossyl yn Servje
- Fossyl yn Sibearje
- Fossyl yn Sloveenje
- Fossyl yn Slowakije
- Fossyl yn Spanje
- Fossyl yn Switserlân
- Fossyl yn Tsjechje
- Fossyl yn Turkije
- Fossyl yn Wales
- Fossyl yn Wyt-Ruslân
- Fossyl yn Iran
- Fossyl yn Kirgyzje
- Fossyl yn Oezbekistan
- Fossyl yn Tadzjikistan
- Fossyl yn Turkmenistan